Skip to main content
    Datum en tiid: tongersdei 23 novimber 2017 | 14.00-18.00 oere
    Plak: Kânselarij, Turfmerk 11, Ljouwert
    It bywenjen is fergees, mar opjaan yn it foar is needsaadlik. Klik hjir om nei it opjefteformulier te gean.

 

Yn de lette midsiuwen wienen it yn Noardwest-Europa foaral gewoane manlju dy't massaal as tsjinstplichtigen oan belegeringen en fjildslaggen meidien hawwe. Omdat se as amateurs te boek steane, hat de militêre skiedskriuwing oant no ta net folle each foar harren ynset hân.

Op tongersdei 23 novimber o.s. wijt de Fryske Akademy in minisympoasium oan dit boeiende tema, dat yn de skiedskriuwing lykwols mar amper it omtinken krige hat. Renomearre sprekkers Ben Schoenmakers (Nasjonaal Ynstitút foar Militêre Skiednis), lt. kol. Mostafa Hilali (Ministearje fan Definsje) en Hans Mol (Fryske Akademy) litte harren ljocht skine oer folksbewapening, lânsferdigening en tsjinstplicht troch de iuwen hinne.

Tagelyk is it de presintaasje fan it boek De Friese volkslegers tussen 1480 en 1560 fan Hans Mol en Peter van der Meer, dy't as histoarisy ferbûn binne oan de Fryske Akademy. Dit boek giet oer in tiidrek dat der yn de noardlike Nederlannen tydlingswei faak en fûleindich fochten is. De fraach stiet sintraal, hoe't de Fryske boere- en boargermilysjes gearstald wienen en hoe't dy har ûntjûn hawwe. De efterlizzende fraach is, wêrom oft de Friezen it mei harren selsferdigening by einsluten net oprêden hawwe en it harren net slagge is om de neistribbe politike autonomy te bewarjen. Wêrom wienen se de hierlingelegers net treast?

De wichtichste boarne foar dizze stúdzje is in mânske searje meunsterlisten út 1552 dy't foar seis stêden en fjirtjin Fryske plattelânsdistrikten bewarre bleaun binne. Dêr steane per doarp of wyk wiidweidige beskriuwingen yn fan de manlju dy't ûnder de wapens roppen wurde koenen, mei de nammen en de útrissing. In edysje fan dy unike listen is as bylage yn it boek opnommen.

De Friese volkslegers tussen 1480 en 1560 ferskynt by útjouwerij Verloren.

De fiertaal fan it sympoasium is Nederlânsk. In boeketafel fan útjouwerij Verloren is oanwêzich.

 

Programma en opjefte

14.00 oere Ynrin, ûntfangst mei kofje/tee
14.30 oere Wolkom troch middeifoarsitter prof. dr. Hans Cools

  • prof. dr. Hans Mol (Fryske Akademy/Universiteit Leiden); De ontwikkeling van de Friese volkslegers in de zestiende eeuw
  • prof. dr. Ben Schoenmaker (Universiteit Leiden/NIMH): Vechten voor het vaderland. Dienstplicht in de negentiende eeuw
  • Luitenant-kolonel Mostafa Hilali (Ministearje fan Definsje): Gewapende burgerij anno nu. Wat als een deel van het volk combattant wordt?

16.30 oere Boekpresintaasje De Friese volkslegers tussen 1480 en 1560

  • Oanbieding fan it boek oan kolonel drs. Harold de Jong

17.00 oere Neipetear mei in hapke en in drankje (oant 18.00 oere)

Klik hjir foar it formulier om jo op te jaan!
Klik hjir foar in pdf-ferzje fan de útnûging.

 

Sjoch ek: