Skip to main content

Letterkunde | 1st Conference on Frisian Humanities

De Fryske Akademy organisearret it earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (Conference on Frisian Humanities), yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, fan 23 o/m 26 april 2018, as ûnderdiel fan it projekt Lân fan taal fan Ljouwert - Fryslân 2018.

Op moandei 23, tiisdei 24 en woansdei 25 april is der in dielkongres oer de stúdzje fan literatuer yn ‘e Fryslannen: de 2e Dagen fan ‘e Fryske Letterkunde. 

Lyts mar behindich en fol geheimnis, alsa is de Fryske literatuer, dy’t it meartalige/keunsttalige masterwurk it Oera Linda Boek oansette, de folkshumor fan de Halbertsma’s, de eksperiminten fan de eigenwize taalkeunstner Trinus Riemersma, de epyske poësij fan de bline bard Tsjêbbe Hettinga en folle net ge nôch. Kom en harkje of sprek op dit hearlike kongres!

  

Programma

Download hjir it programma (pdf, definitive ferzje, 16 april 2018).
Download hjir it folsleine programma mei de gearfettings (pdf, definitive ferzje, 17 april 2018).

  

Ynskriuwe

De registraasje foar de konferinsje is no iepen: www.frisianhumanities.nl

Studinten kinne registrearje mei 50 persint koarting. Ek foar pensjonearden en minsken dy’t gjin wurk ha, biede wy spesjale regelingen. Nim dêrfoar kontakt op mei Annick Offringa (Congresbureau Friesland).

By it ynskriuwjild foar it kongres is in middeisbrochje en kofje/tee yn it skoft ynbegrepen.

Konferinsjebesikers kinne tsjin in redusearre taryf hotels yn Ljouwert boeke en 15% koarting op in KLM-fleanticket krije fia de ynskriuwside.

 

 

Gewoane priis

Studinten

1 dei

€ 80,00

€ 40,00

2 dagen

€ 80,00

€ 40,00

3 dagen

€ 160,00

€ 80,00

4 dagen

 

€ 160,00

€ 80,00

 

Kongreskommisje

  • drs. Cor van der Meer (foarsitter en sesje oer meartaligens)
  • dr. Eric Hoekstra (letterkunde)
  • dr. Han Nijdam (midsiuwsk Fryslân)
  • dr. Hans Van de Velde (taal en taalkunde)

 

Kontakt