Skip to main content

Frysk Diktee

 

It Grut Frysk Diktee

Gnyskje, nútsjesmoar, twirrewyn, skroarjûn, noaskje en krûpelhintsje. Samar in pear wurden dy't foarkomme kinne yn it Grut Frysk Diktee. Yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân, Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin) en de Provinsje Fryslân organisearret de Fryske Akademy alle jierren it Grut Frysk Diktee yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. De tekst wurdt skreaun troch in Fryske pommerant, it evenemint wurdt presintearre en útstjoerd troch Omrop Fryslân.

 

Kwalifikaasjediktee

Minsken dy’t graach meidwaan wolle oan It Grut Frysk Diktee, moatte harren dêrfoar kwalifisearje. Yn de moannen foarôfgeand oan it evenemint stiet in kwalifikaasjediktee op de website fan It Grut Frysk Diktee dy't elkenien meitsje kin. De bêste tweintich dielnimmers bemachtigje in plak yn de Steateseal.

Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren kwalifisearje, sille ek fiif teams de striid mei-inoar oangean. De binne teams mei pommeranten, mei minsken út in beskate beropsgroep, mei studinten fan in spesifike oplieding, ensafh. De winner giet nei hûs mei It Gouden Dakje. 

 

Dikteeteksten

Sjoch foar it nijs oer en de útstjoerings fan It Grut Fyrsk Diktee ek by Omrop Fryslân.

 

It Lyts Frysk Diktee

Wa kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân? Foar bern organisearje de Fryske Akademy, Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin) en de Provinsje Fryslân yn de maitiid It Lyts Frysk Diktee. De kwalifikaasje hjirfoar rint fia de skoallen sels. By de lêste edysje diene 50 learlingen fan 30 Fryske basisskoallen mei oan de finale fan It Lyts Frysk Diktee yn de Steateseal fan it Provinsjehûs.

Yn 2023 makke berneboekeskriuwer Tialda Hogeveen de tekst fan it Lyts Frysk Diktee, yn 2022 waard de tekst skreaun troch (berneboeke-)oersetter Martsje de Jong.