jan
Nijsberjochten
Sjoch mear nijsberjochten
Eveneminten
Sjoch mear eveneminten

Wat wy dogge
De Fryske Akademy rjochtet him op it wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, meartaligens en regionale skiednis. Wy jouwe boeken en taalhelpmiddels út en organisearje sympoasia, lêzingen en kongressen.
De Fryske Akademy is oprjochte yn 1938 en sûnt 1990 oan 'e KNAW liearre.
Projekten
Utjeften

Leden fan 'e Fryske Akademy
As wittenskiplik ynstitút hat de Fryske Akademy al sûnt syn oprjochting leden. Akademyleden binne persoanen fan rûnom op 'e wrâld dy't dy ûnderskieding wurdich binne op grûn fan fertsjinsten op it mêd fan de Fryske wittenskip, foar de Fryske kultuer, of fanwegen in grutte niget oan de wittenskip of foar de Fryske kultuer yn it algemien. Stipers en leden fan 'e Akademy kinne it hiele jier troch lju foar beneaming ta lid fan 'e Fryske Akademy foardrage.
Stiper wurde?
De Fryske Akademy hat in grutte ploech stipers, dy’t it wurk fan de Fryske Akademy in waarm hert ta drage. Allegearre minsken dy’t niget hawwe oan de Fryske taal, kultuer en wittenskip. En dy’t fia wurkgroepen en stúdzjerûnten ek sels in bydrage leverje kinne oan it wurk fan de Fryske Akademy.
Op 'e hichte en belutsen
As stiper fan de Fryske Akademy bliuwe jo goed op ‘e hichte en wurde jo nûge foar ferskate aktiviteiten: lêzingen, sympoasia en fansels de jierlikse Akademydei yn septimber.
Sa krije stipers krije twa kear it jier it stipersblêd Ut de Smidte thús stjoerd. As stiper hawwe jo de mooglikheid fergees diel te nimmen oan de aktiviteiten fan wurkgroepen en stúdzjerûnten fan de Fryske Akademy. Stipers kinne gauris fergees of mei koarting dielnimme oan kongressen en sympoasia.
De Fryske Akademy hat in ANBI-status. Dêrtroch kinne jo as stiper jeften fan ’e ynkomste- of fennoatskipsbelesting ôflûke (neffens de besteande wetlike regelingen).
Subsidiïnten

