Skip to main content

Archeologysk Wurkferbân

It Archeologysk Wurkferbân wol amateurarcheologen yn Fryslân byinoar bringe. Mei in ferskaat oan aktiviteiten wurdt besocht om it âldheidkundich ûndersyk yn 'e provinsje te stypjen.

Troch it organisearjen fan lêzingen, kursussen, praktysk wurk en ekskurzjes wurdt besocht om de kennis fan 'e leden oangeande de archeology te fergrutsjen. Soks kin bydrage ta it sinfoller omgean mei de leafhawwerij. In oansprekkende aktiviteit is fierders dat leden dielnimme kinne oan opgravings fan foechhawwende ynstânsjes.

 

Oprjochtingsjier

1983

 

Bestjoer en kontakt

Foarsitter: Gelkje Schotanus 
Skriuwer: Koos Tiemersma (e-mail)
Leden: sjoch ledelist (beskikber foar leden fan it wurkferbân)

 

Wat dogge wy allegear?

  • Lêzingen: troch faklju en leden, oer ûnderskate ûnderwerpen en perioaden: fan Stientiid oant en mei de Midsiuwen;
  • Ekskurzjes: nei museums en argeologyske monuminten, sawol yn as bûten Fryslân;
  • Opgravings: meihelpe by sawol grutte wittenskiplike projekten as by lytsere needopgravings;
  • Kursussen: fral rjochte op 'e praktyk; diggels en fjoerstienark werkenne, fjildferkennings dwaan, mjitte, ynventarisearje, ensafuorthinne;
  • Fynstferwurking: fynsten determinearje, beskriuwe, lymje en konservearje.

Mei al dy aktiviteiten wurdt besocht om it âldheidkundich ûndersyk yn Fryslân te stypjen. Wa't belangstelling hat foar âldheden en de iere skiednis en oan dy leafhawwerij wat mear dwaan wol, kin lid wurde fan it Argeologysk Wurkferbân. De iennichste betingst is dat jo tagelyk ek stiper fan 'e Fryske Akademy wurde.

Oanmelde kin troch in e-mail te stjoeren nei skriuwer Koos Tiemersma.

 

Sneon 10 desimber 2016: ekskurzje nei it Museum Wierdenland yn Ezinge.

Aktiviteiten

Winterprogramma 2023-2024

  • Tiisdei 26 septimber 2023: ekskurzje Bûtenpost
  • Tongersdei 30 novimber 2023: Tim Kauling en Adriana Bakker -‘Opgraving yn Rottum’n (ferslach)
  • Tiisdei 6 febrewaris 2024: Willem Schoorstra - ‘Hegebeintum - sintrum fan in machtsgebiet?’ (útnûging)
  • Tongersdei 16 maaie  2024: Anne ten Brink -‘Op zoek naar Neanderthalers, een passie!’

Winterprogramma 2022-2023

De ledegearkomsten binne altyd op de Fryske Akademy yn seal Sânwâlden. Lêzingen binne in fêst ûnderdiel fan de gearkomsten.

  • Sneon 17 septimber 2022: ekskurzje Poptaslot te Marsum (Ferslach)
  • Tiisdei 29 novimber 2022, mei in lêzing fan Wietske Prummel.
  • Tongersdei 2 febrewaris 2023, mei in lêzing fan André Plezynsky.
  • Tiisdei 11 april 2023

 

Winterprogramma 2019-2020

  • Tongersdei 26 mei 2020 (in plaats van donderdag 16 april)  VERVALT!
  • Tongersdei 4 februari 2020
  • Tongersdei 28 november 2019
  • Tongersdei 1 oktober 2019

 

Winterprogramma 2018-2019

  • Tongersdei 18 april 2019
  • Tongersdei 14 febrewaris 2019
  • Tongersdei 29 novimber 2018
  • Tongersdei 20 septimber 2018

 

Winterprogramma 2017-2018

  • tongersdei 15 febrewaris 2018: Auke Bult en Wietze Stellingwerf: Skerven fan 'e Skar, in bysûndere bewenningsskiednis op 'e Skar yn it Heidenskip (wurklist
  • tongersdei 14 desimber 2017: Ynleiding fan Peter Vos oer geo-/archeolânskiplik ûndersyk yn Noard-Nederlân (wurklist) (ferslach)
  • tongersdei 21 septimber 2017: Ynlieding fan Menno Angelique Kaspers oer fjildkartearingen en ier-midsiuwsk ierdewurk (ferslach)

 

Winterprogramma 2016-2017

  • tongersdei 29 septimber 2016, 19.45 oere: Gerard Mast oer einekoaien yn Fryslân
    It is net bekend yn hokker jier de earste einekoai yn Fryslân oanlein is, mar it sil grif foar 1500 west ha. Sa’n koaibosk kin, troch de âldens, in seldsum biotoop wêze foar planten en libben guod.
  • tongersdei 8 desimber 2016, 19.45 oere: Paul Borghaerts oer dendrogronologysk ûndersyk yn Fryske pleatsen;
  • tongersdei 16 febrewaris 2017, 19.45 oere: Evert Kramer oer de Midden-Stientiid yn Fryslân;
  • tongersdei 20 april 2017, 19.45 oere: Menno Keulen oer de produksje fan boustiennen yn de Midsiuwen.

 

Eardere aktiviteiten

 

 

Diggelgoud. 25 jier Argeologysk Wurkferbân (2008)

Yn 'e bondel Diggelgoud (2008), dy't útjûn waard ta gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan it Argeologysk Wurkferbân fan 'e Fryske Akademy, jouwe 38 auteurs oan 'e hân fan konkrete fynsten - fan prehistoaryske artefakten fia Romeinske munten, gewichten en ûneresten oant midsiuwske sieraden en ferlitten tsjerkhôven - in oersjoch fan 'e stân fan saken yn 'e Fryske archeology, de wichtigste fynsten en ûntdekkingen fan 'e ôfrûne desennia, it oparbeidzjen fan wittenskippers en amateurs, en de risseltaten fan dy gearwurking yn tal fan projekten yn it fjild.

It boek is te bestellen fia de Afûk-websjop foar mar 2,50.