Skip to main content

Biologysk Wurkferbân

 

It wurkferbân hat in taak as foarum om wittenskiplike kennis oer gea en natuer yn Fryslân breed beskikber te meitsjen, diskusje oer wichtige natuersaken yn Fryslân oan te gean en om publikaasjes op dit mêd te stimulearjen, ûnder oaren troch it útjaan yn de Botkerige (publikaasjerige fan de Fryske Akademy).

 

Oprjochtingsjier

15 april 1953

 

Bestjoer en kontakt

Meinte Engelmoer (foarsitter) (e-mail)
Arend Timmerman (skriuwer) (e-mail)
Leden: Yolt IJzerman (e-mail)

 

 

Aktiviteiten

Winterprogramma 2016-2017

  • freed 19 maaie 2017, 10.00-17.00 oere: Guozzesympoasium by it Van Hall Instituut yn Ljouwert. It Biologysk Wurkferbân en de Nederlandse Ornithologische Unie organisearje in dei oer guozzepopulaasjes, ek mei ynternasjonale sprekkers út Denemarken en Kanada. Sjoch foar mear ynformaasje de side oer it Guozzesympoasium.
  • tiisdei 22 novimber 2016, 20.00 oere: lêzing yn it Natuurmuseum Fryslân troch Martin Brandsma oer de toarnekster (yn it Nederlânsk: klapekster). Dizze bysûndere ekster wennet yn de simmer op it noardlik healrûn. Yn de winter fynt er it dêr te kâld en sakket er wat ôf. Alle jierren binne der in stikmannich dy't de winter yn Nederlân trochbringe. Se ûntsnappe net oan it each fan Martin Brandsma, dy't alles sjocht. Brandsma observearret en bestudearret de toarnekster. Dizze lêzing wurdt organisearre troch it Biologysk Wurkferbân, de Fryske Feriening foar Fjildbiology (KNNV) en it Natuurmuseum Fryslân.

  

Oer it wurkferbân

Yn syn funksje as haadbestjoerslid fan de Fryske Akademy, hat Meint Wiegersma it inisjatyf naam ta oprjochting fan it Biologysk Wurkferbân yn april 1953. Natuer en lânskip feroaren hurd en de Akademy soe in bydrage jaan moatte oan it fergrutsjen fan de kennis, betsjutting en beskerming fan de floara en fauna, sa wie it idee. Spitigernôch slagge dat net, want it slagge de Fryske Akademy net om dêr jild foar by inoar te krijen. Oare organisaasjes sette harren dêr foar yn, benammen doe’t bliken die dat de ruilferkavelingen grutte gefolgen hiene foar it Fryske plattelân en lânskip.

In hiel soad publikaasjes kamen op it aljemint. Mar it wie benammen Douwe T.E. van der Ploeg dy’t it Wurkferbân syn hjoeddeistige foarm joech. Hy stimulearre ûndersikers en skriuwers harren resultaten yn publikaasjes fêst te lizzen en soarge derfoar dat dy opnaam waarden yn de Botkerige ûnder ferantwurdlikens fan it Biologysk Wurkferbân. Ferskate publikaasjes binne ferskynt. Omtinken is der ûnder oaren west foar stinzeplanten, wylde floara fan Fryslân en de Fryske plantenammen; foar it wylde wrimelet en dierte en harren Fryske nammen; foar de Fryske túnbou en it Frysk molkskiep, mar ek foar libbensbeskriuwingen lykas fan de bekende amateurbiolooch mr. Herman Albarda (1826-1898). De oansprekkende en by in soad Friezen bekende trijedielige rige Vogels in Friesland. In grutte mylpeal hat ek west it boek ûnder redaksje fan ûnder oaren Gjerrit Hekstra Dêr’t it tilt fan diert’ en blommen (2006). De Fiskatlas Fryslân (2015) is as nûmer 33 de meast resinte publikaasje.

It Biologysk Wurkferbân organisearret noch altiten trije as fjouwer gearkomsten yn ’t winterskoft, ferdield yn middeis- en jûnslêzingen. Yn de jûnslêzingen komme aktuele natuersaken en resultaten fan ûndersyk oan de oarder. Dat kin fan leden wêze, mar  saakkundigen wurde lykwols útnûge om ien en oar oangeande it ûnderwerp neier ta te ljochtsjen. Op dizze jûnen is der ek oandacht foar nije fynsten fan floara en fauna en ûntwikkelingen. Yn de middeis gearkomsten wurde thema’s behannele en bepraat. Alle gearkomsten binne foar elkenien frij tagonklik, mar de rûchwei 130 stipers krije berjocht yn’t foar. Meastentiids is de tagong fergees.

Sûnt in tal jierren wurket it Wurkferbân yntinsyf gear mei it Natuermuseum Fryslân en de Fryske Feriening foar Fjildbiology. Dêrneist is der gearwurking mei oare provinsjale organisaasjes as it Fryske Gea en de wurkgroep Stichting Avifauna Fryslân.

 

Jierferslaggen