
Digitale taalhelpmiddels: Frysker
De website Frysker (https://frysker.nl) jout in ferskaat oan digitale Taalhelpmiddels foar elkenien dy’t flaterfrij Frysk skriuwe wol. Frysker bestiet út trije ûnderdielen:
- Sykje. Hjirby wurdt socht yn it Nederlânsk-Frysk wurdboek of yn it Frysk Hânwurdboek. Neist oersettingen fan trefwurden, jout 'Sykje' ek foarbylden, siswizen, synonimen, wurdfoarmen en sprekwurden.
- Hifkje. In online staveringshifker foar it kontrolearjen fan jo teksten. De hifker spoart typ- en staveringsflaters op, jout help om de meast algemiene wurdfoarmen te kiezen en wiist op it brûken fan hollanismen.
- Oersette. Dit programma set Nederlânske teksten oer nei it Frysk of oarsom.
Fierder fine jo op Frysker de Paadwizer mei de staveringsregels en in side mei downloads. Op dy side steane ûnder oaren de digitale ferzje fan it Frysk Hânwurdboek en staveringshifkers foar Word en Outlook.
Frysker is ûntwikkele troch de Fryske Akademy (taaldata, language API). Partners by de realisaasje wiene BW H ontwerpers (ûntwerp en technyk), GridLine (staveringshifker), KNAW Humanities Cluster / Maarten van Gompel (Oersetter) en Afûk. De Provinsje Fryslân hat de Fryske Akademy finansjele stipe jûn foar it meitsjen fan Frysker.
Kontakt: frysker@fryske-akademy.nl

Foarkarswurdlist en offisjele stavering
Is it no Italië of Itaalje, telefoan of tillefoan? De Foarkarswurdlist foar it Frysk dy’t de Akademy opsteld hat, jout dúdlikheid oer de foarkarsfoarmen yn 'e Fryske stavering.
De Foarkarswurdlist is gjin ferplichte taalstandert, mar kin as hâldfêst brûkt wurde foar heldere foarkarsfoarmen by it skriuwen fan it Frysk, bygelyks yn it offisjele ferkear en yn it ûnderwiis.
Offisjele stavering
It Frysk hat sûnt 1879 min ofte mear offisjele staveringsregels, mar dy binne sûnt dy tiid in kear of wat wizige. Dêrtroch kamen yn 'e rin fan 'e tiid de regels en de praktyk net mear folslein oerien. De Fryske Akademy hat foar it meitsjen fan de Foarkarswurdlist de jildende regeling fan 'e Fryske stavering yn syn hiele hear en fear op 'e nij beskreaun. Dat hat deryn resultearre dat de staveringsregels en de wize sa't wurden yn 'e praktyk stavere wurde tenei wer oerienkomme.
De regels oangeande de offisjele stavering fan it Frysk binne sûnt 30 jannewaris 2015 fan krêft en kinne fûn wurde yn 'e Paadwizer Fryske stavering. Troch in lyts tal regeloanpassingen yn 'e Fryske stavering kriget lykwols in beheind tal wurden in oare skriuwwize (bgl. telefyzje yn stee fan televyzje en útnûging yn stee fan útnoeging). Hjirûnder kin in oersjoch fan oanpassingen en omstavere wurden download wurde.
- [PDF] [Word] Regeloanpassingen Fryske stavering mei yngong fan 30 jannewaris 2015
- [PDF] [Word] Oersjoch fan wurden út de Foarkarswurdlist foar it Frysk dy’t in oare skriuwwize krigen hawwe
- Koroanawurdlist, oanfolling mei frekwinte wurden dy't te meitsjen hawwe mei de koroanaútbraak, 2020

It Frysk Diktee
Alle jierren yn 'e maitiid organisearret de Fryske Akademy it Frysk Diktee yn 'e mande mei de Provinsje Fryslân, Omrop Fryslân, Afûk en Cedin Expertisecentrum Meertaligheid. Op dy dei wurdt foar de groepen 7 en 8 fan 'e basisskoallen it Lyts Frysk Diktee organisearre en foar de grutte minsken it Grut Frysk Diktee.
Elkenien dy't syn of har behearsking fan it skreaune Frysk teste wol, kin foar it Grut Frysk Diktee yn 'e beneaming komme troch it meitsjen fan in kwalifikaasjediktee. Neist de minsken dy't harren kwalifisearre hawwe, dogge ek bekende Friezen mei. Omrop Fryslân stjoert it Grut Frysk Diktee út op telefyzje.
- Foar mear ynformaasje sjoch op www.fryskdiktee.nl of www.fryske-akademy.nl/fryskdiktee.

Oare taaltsjinsten en ferwizingen
- Wurdboeken
- Tusken 1984 en 2011 binne de 25 dielen fan it wittenskiplike Woordenboek der Friese Taal/Wurdboek fan de Fryske taal (WFT) ferskynd. It WFT beskriuwt it Frysk fan it tiidrek 1800-1975. Yn it neislachwurk wurdt foar elk wurd gâns ynformaasje jûn: de útspraak, de bûging, de farianten, de oerienkommende wurden yn oare talen, de betsjutting, siswizen, sprekwurden. Sûnt 2010 is it wurdboek ek online te finen yn 'e Geïntegreerde TaalBank fan it INL.
- It Frysk-Ingelsk Wurdboek (2000) fan Anne Dykstra is beskikber as pdf-bestân.
- Foar in tal fan Fryske streektalen binne dialektwurdboeken gearstald, ûnder oaren fan it Skiermûntseagersk, it Biltsk, it Hylpersk en it Amelânsk.
- Spesjalistysk taaladvys
- Wy kinne taalkundich advys jaan by it opstellen fan spesjalistyske teksten yn it Frysk mei faktermen lykas notarisakten, amtlike stikken of technyske dokuminten. Foar it oersetten wurdt in fergoeding yn rekken brocht. Nim dêrfoar kontakt op fia ús algemien nûmer (058) 213 14 14 of mail nei taalburo@fryske-akademy.nl.
- Foar de rjochtspraktyk leverje wy Frysktalige modellen fan akten, karbrieven, kontrakten, houliksbetingsten en testaminten. Alle modellen binne fergees te downloaden op ’e side Frysktalige modellen foar de rjochtspraktyk.
- Ferwizingen
- It Frysk is as oersettaal sûnt febrewaris 2016 beskikber yn Google Translate troch it mânsk krewearjen fan frijwilligers en de stipe fan 'e Provinsje Fryslân.
- De aktuele list mei plaknammen en wetternammen yn Fryslân kin fûn wurde op de website fan 'e Provinsje Fryslân.
- Neist taalkursussen kinne jo ek foar taalfragen by ús kollega’s fan ’e Afûk telâne. It jaan fan taaladvys, it neisjen fan koarte teksten of it oersetten fan in pear wurdsjes docht de Afûk fergees.
- In oersjoch fan digitale taalhelpmiddels, apps en games foar it Frysk is ek te finen op de website www.taalhelp.frl.