Skip to main content

60e Akademylêzingen yn 'e Harmonie

De 60ste rige Akademylêzingen wurdt ôfsletten mei in jubileumsympoasium op tiisdeitemiddei 13 maart yn Stadsschouwburg De Harmonie te Ljouwert. Sosjolooch Evelien Tonkens sil dan in lêzing hâlde, mei as titel: ‘Toegang tot kennis heeft geleid tot meer ontwikkeling en emancipatie’.

Yn har lêzing ‘Toegang tot kennis heeft geleid tot meer ontwikkeling en emancipatie’ makket Evelien Tonkens de balâns op fan 60 jier klam op kennis en ûntwikkeling fan froulju, tsjin de eftergrûn fan 100 jier frouljuskiesrjocht (yn 2019); yn dat ramt sjocht hja ek nei de Akademylêzingen ‒ de eardere ‘frouljuslêzingen’ ‒ fan de Fryske Akademy. Hoe kin it grutte súkses yn kennis en ûntwikkeling fan froulju trochsipelje nei in dêrmei oerienkommende maatskiplike ynfloed? Wat binne de grutste súksessen en wat moatte de prioriteiten wêze foar de kommende 60 jier?

Famkes dogge it hjoed-de-dei better yn it ûnderwiis as jonges. Froulju binne folle better oplaat en fierwei de measten hawwe betelle wurk. En #metoo makket dúdlik dat (seksueel) geweld tsjin froulju net langer akseptearre wurdt. Mar problemen binne der sûnder mear ek noch. De ekstra easken dy’t de ‘partisipaasjemaatskippij’ oan ús stelt, komme benammen op foar froulju, dy’t no noch mear wurk en soarch kombinearje moatte. Der is ek noch hieltiten in (grut) ferskil yn de beleanning fan manlju en froulju. Wurdt de stim fan froulju wol genôch heard? Wêrom uteret in foarsprong yn oplieding him net yn in foarsprong yn maatskiplike en politike macht? En hoe stiet it mei de manljusemansipaasje?

Tet Rozendal
Njonken de lêzing fan Tonkens is der in iepeningtaspraak fan Willem Smink, direkteur-bestjoerder a.i. fan de Fryske Akademy, en in optreden fan sjongeres Tet Rozendal. Fierders wurdt der in lytse ympresje fan 60 jier Akademylêzingen yn byld brocht mei in filmke.

Akademylêzingen
De Akademylêzingen is in rige fan seis publykslêzingen ferspraat oer it winterskoft. Elk jier slagget it de wurkgroep Akademylêzingen, yn oparbeidzjen mei frouljusorganisaasjes yn Fryslân, wer om in oansprekkende rige gear te stallen. Der komt in soad folk op de lêzingen ôf. It publyk komt foar it meastepart noch altyd fan 'e frouljusorganisaasjes, mar de lêzingen binne foar elk tagonklik. De lêzingen geane oer aktuele, edukative, wittenskiplike en algemien-maatskiplike tema's, dêr't sprekkers op eigen wize ynfolling oan jaan kinne.

Tagong en opjefte
Meidwaan oan it jubileumsympoasium kostet € 20,00; opjefte kin fia www.fryske-akademy.nl/akademylezingen. Dêr is ek it folsleine sympoasiumprogramma te finen.