Skip to main content

BabelAR: meartalich spultsje

Game release BabelAR: in spul foar elke (meartalige) klasse

De game BabelAR is lansearre troch It Erasmus+ projekt VirtuLAp. It doel fan BabelAR is om learlingen de wearde fan harren (thús)talen sjen te litten en om harren taalkennis te aktivearjen. Fierder makket it learkrêften bewuster fan meartaligens yn de klasse en fan de wearde fan meartalich ûnderwiis.

De game BabelAR is it nijste ynstrumint ûntwikkele troch VirtuLApp (Virtual Language App). BabelAR is makke foar bern tusken de 7 en 12 jier âld, en is fergees te ferkrijen op tastellen mei iOS of Android. Yn de Augmented Reality (AR) game wurkje learlingen mei-inoar gear. Se hawwe harren taal/talen en taalkennis nedich om it wêzentsje Babel te helpen, dat syn taalkennis kwyt rekke is. Standert-, minderheids- migrante- en kurrikulumtalen binne ferwurke yn de game, dy’t spile wurde kin mei fjirtjin talen. Babel nimt net allinne de learlingen mei op in tale-aventoer, mar ek nei trije wrâlden yn Augmented Reality. Yn ien sa’n wrâld rint in swarm bisten oer de flier fan it klasselokaal. Learlingen dy’t de game al spile hawwe, wiene tige entûsjast.

#BabelARchallenge
VirtuLApp nûget skoallen en learkrêften út om mei te dwaan oan de #BabelARchallenge. De earste 25 dielnimmers krije in presintsje en de winner fan de #BabelARchallenge kriget in kadobon fan € 150. Om diel te nimmen, moatte learkrêften in orizjinele en kreative fideo meitsje fan harren sels en harren learlingen dy’t de game BabelAR spylje. Meidwaan oan de #BabelARchallenge kin oant en mei 5 maaie. 

VirtuLApp
VirtuLApp is in trijejierrich projekt yn it troch de Europeeske Uny betelle Erasmus+ programma en wurdt koördinearre troch Mercator Europeesk Kennissintrum, dat ûnderdiel is fan de Fryske Akademy. Projektpartners binne ATiT (België), LUCA School of Arts (België), Trinity College Dublin (Ierlân) en Universidad del País Vasco/Euskal Herriko Unibertsitatea (Spanje).