Skip to main content

De 'moaie' Fryske Top 100 2019

Optreden fan Roel Slofstra en Yetris yn Noardewyn Live, 13 septimber.

Roel Slofstra (Zwartemeer, Dr., 1939) lei yn 1969 – dit jier dus krekt in heale iuw lyn! – as ‘oertrûbadoer’ mei syn elpee In spyltuech bin ik de grûnslach foar de Frysktalige lichte muzyk sa’t wy dy no yn allerhanne ferskiningsfoarmen kenne.

Om Slofstra te earjen en stil te stean by syn grutte fertsjinsten foar de Frysktalige lichte muzyk, hat de musikografysk meiwurker fan ’e Fryske Akademy, Beart Oosterhaven, ‘De “moaie” Fryske Top 100 2019’ gearstald. Dy Top 100 is lansearre en presintearre op freed 13 septimber 2019 yn it fia radio, telefyzje en ynternet útstjoerde programma ‘Noardewyn Live’ fan Omrop Fryslân. Dat barde de middeis yn in trije oeren duorjende, folslein oan Roel Slofstra wijde, ôflevering fan it programma. Oan ’e hân fan ‘De “moaie” Fryske Top 100 2019’ ljochte Beart Oosterhaven de lange en nijsgjirrige karriêre fan Roel Slofstra ta.

It heechsteande en tige fersoarge wurk fan Roel Slofstra fannijs yn it omtinken bringe, wie méi in reden foar Beart Oosterhaven om ‘De “moaie” Fryske Top 100 2019’ gear te stallen. Yn dy Top 100 wurdt alve prosint fan ’e lietsjes fertolke troch de Fryske oertrûbadoer sels. De oare 89 lietsjes lizze, wat styl, sfear en oanklaaiïng oanbelanget, min ofte mear yn it ferlingde fan Roel Slofstra syn wurk. Op sa’n wize is in stalekaart ûntstien fan wat oft in heale iuw Fryske lichte muzykproduksje (1969-2019) oan ‘moaie’ útkomsten oplevere hat.

‘Noardewyn Live’ fan 13 septimber wie ek de offisjele start fan ’e ‘Reunytoer’ dy’t Roel Slofstra yn ’e hjerst fan 2019 makket mei ‘syn’ eardere folkgroep Yetris, dêr’t er ein santiger/begjin tachtiger jierren fan ’e foarige iuw tige suksesfol mei wie.

Sjoch: