Skip to main content

'Do draachst de leafde oan' / Jij draagt de liefde aan

Literatuer fan Fryslân troch in rôze bril / Literatuur van Friesland door een roze bril

It earste part fan ‘e titel is ûntliend oan in fers fan Tsjits Peanstra. De poëzy en prozafragminten mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender, ynterseksuele (LHBTY+) tematyk binne sammele troch in redaksjeteam mei Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra.

Der binne goed hûndert fragminten opnommen, ôfkomstich út wurk fan rom santich skriuwers. Frysktalige en oare streektalige gedichten en prozafragminten binne yn it Nederlânsk oerset. De fan oarsprong Nederlânsktalige fragminten binne oerset nei it Frysk. De âldste tekst is út ‘e santjinde iuw. ‘Aan Elisene’ fan Titia Brongersma, de jongste opnommen skriuwer is Joël Hut, dy’t ferline jier debutearre mei de dichtbondel Börtersgrut.

It inisjatyf foar de blomlêzing leit by Tresoar, de Afûk jout it boek út en Leeuwarden City of Literature hat de útjefte stipe.

Lês hjir mear oer de presintaasje

It boek is opnommen yn ‘e Literêre Rigen fan ‘e Fryske Akademy, Rige Minsken en Boeken, nû. 28.