Skip to main content

Fakatuere Softwareûntwikkelder

Foto: Pexels, Pixabay

Softwareûntwikkelder by de Fryske Akademy

Wy sykje immen dy't meiwurkje sil oan it trochûntwikkeljen fan de ûndersyksynfrastruktuer en de tools foar
taalbrûkers. Wolst mei in lyts team fan kollega’s, mei eksterne partners en mei wittenskiplike
ûndersikers bouwe oan oplossings dy’t it Frysk en Fryslân fierder op de kaart sette? Liket it dy moai
om mei aktuele technologyen te wurkjen en bist entûsjast oer open source en citizen science?
Krijst enerzjy fan dokumintearjen? Dan sitst by ús goed. Wy binne in ûndernimmend ynstitút mei
in flinke doasis ambysje foar de kommende jierren, wêrby’t ús ûndersyksynfrastruktuer útgroeit ta
in solide basis dêr’t ûndersikers, frijwilligers, breder publyk en ek kommersjele partners wat oan
ha.

Bisto ús nije kollega?
Asto (hâst) ôfstudearre bist is as softwareûntwikkelder (hbû) of relevante ûnderfining hast, sjoch dan gau fierder foar de folsleine fakatueretekst en lit ús foar 15 juny oankommend witte wêrom ofsto ús nije kollega wurde moatst!