Skip to main content

Fedde Dijkstra winner Frysk Diktee

Fedde Dijkstra fan Wurdum hat it Grut Frysk Diktee 2016 wûn dat yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert holden waard. Fan de 35 dielnimmers dy’t harren kwalifisearre hiene, kaam Dijkstra mei 10 flaters as bêste út de bus by it diktee dat skreaun wie troch sjoernalist/skriuwer Sietse de Vries en foarlêzen waard troch Omrop Fryslân-presintatrise Karen Bies. De earste priis bestie út in ‘Gouden dakje’ en in pinne mei ynskripsje. Twadde en tredde wienen Tineke Hoekstra fan Noardburgum en Jan Ybema fan Grins – de priiswinner fan foarich jier - mei respektyflik 10,5 en 11 flaters.

Sietse de Vries gie ûnder de titel ‘Goeie’ mei syn tekst yn op de ferskillen tusken de generaasjes as it om it brûken fan de taal giet. Jongere minsken kenne de âlde wurden net mear, wylts de âlderen muoite hawwe mei de feroaringen yn it Frysk en de taal fan de jongerein. As pake seit “it siicht”, ferbetteret de pakesizzer hime mei “it tocht”.
Wurden dêr’t de dielnimmers oer stroffelen wiene û.o. risselreauke (kop-en-pantsje dat net byinoar heart), en al of gjin trema op de i yn wurden as klaaiïng, huiïch en wijing.

Bekende Friezen
Njonken de 35 kwalifisearre dielnimmers diene ek in oantal bekende Friezen mei,  lykas Anneke Douma, Wiebe Wieling, Sietske Poepjes en Welmoed Sijtsma. Fan de bekende Friezen makke aktrise Tamara Schoppert it diktee it bêste mei 22 flaters. Hja krige foar dy prestaasje it ‘Laaien dakje’.

Foar de minsken dy’t harren net kwalifisearre hiene, of dy’t gewoan benijd wiene nei hoe’t it Frysk skriuwen har fergean soe, koe it diktee op Omrop Fryslân telefyzje, ynternet  en fia de app folge wurde. Wa’t it diktee nochris besjen of neilêze wol, kin it fine op www.fryske-akademy.nl/fryskdiktee en www.omropfryslan.nl/fryskdiktee.

Lyts Frysk Diktee 2016
Tiisdeitemiddei 10 maaie waard it Lyts Frysk Diktee holden foar bern fan basisskoallen. Dat diktee wûn Ilse Vellinga fan skoalle It Fûnemint yn Wommels mei 7 flaters. Twadde en tredde priiswinner wiene Renate Osinga fan De Arke yn Nij Beets en Jelte Boelstra fan De Tsjelke yn Holwert. Renate makke 9 flaters en Jelte 10.

De organisaasje fan beide diktees lei yn hannen fan de Afûk, Cedin Expertisecentrum Meertaligheid, de Fryske Akademy, Omrop Fryslân en de Provinsje Fryslân. It diktee waard fan ’t jier foar de fjirtjinde kear hâlden; yn 2017 is der wer in edysje.