Skip to main content

Foarlêsmaraton Frysk Hânwurdboek

Byld: Heleen Haijtema/Tryntsje Nauta

De tún fan de Fryske Akademy – tusken Doelestrjitte 4 en 6 – is it plak dêr’t fan freedtemiddei 25 maaie ôf it folsleine - ientalich Frysk - Frysk Hânwurdboek foarlêzen wurde sil. It foarlêzen fan dit wurdboek, dat sa’n 70.000 wurden telt, is ien fan de simmeraktiviteiten fan de Fryske Akademy yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018/Lân fan taal. 

Taalstipe
De foarlêsmaraton fan it Frysk Hânwurdboek is keppele oan in goed doel, nammentlik in bydrage foar ien of mear laptops foar taalstipe op lokaasje yn Fryslân troch Stichting Lezen & Schrijven. Dielnimmers kinne harren dêrfoar sponsorje litte. Troch it yntegraal foarlêzen fan it wurdboek – en it opnimmen dêrfan -  ûntstiet der in  korpus sprutsen Frysk, dat foar ûndersikers ta nijsgjirrige nije ynsichten liede sil. Alles komt foarby, hiel gewoane wurden, mar ek bysûndere en ferjitten wurden. Dêrmei is it foarlêsprojekt ek in earbetoan oan de Fryske taal. Foar it foarlêzen fan it wurdboek wurde der noch lêzers socht. It folslein yn ‘e macht hawwen fan it Frysk is dêrfoar gjin fereaske.  Wa’t in kertier foarlêze wol – mear as ien mei ek – dy kin him of har opjaan fia: www.fryske-akademy.nl/lf2018

 

Oare taalinisjativen
Njonken it wurdboekfoarlêzen binne der tusken 25 maaie en 22 septimber tal fan oare b(l)oeiende taalinisjativen yn de Akademytún: sa wurde der in pear lêzingen oer bistetaal holden, binne der kaarten te sjen mei ynformaasje oer de Fryske taal en skiednis, hingje der gedichten fan de dichtwedstriid oer de Fryske Akademy/Fryslân, binne der taalfilmkes te sjen en kin der harke wurde nei ferhalen fan sprekkers yn ien fan de 60 oare (regionale) talen dy’t Ljouwert ryk is. Ek biedt de tún romte oan it (slot)toaniel fan de literêre kuier ‘De Wuttelhaven del’ basearre op de oarlochsroman fan Gysbert Japicxpriiswinner (1992) Steven de Jong. Njonken de aktiviteiten yn de tún stiet der ek noch in fytstocht om de Middelsee op it programma, organisearre troch de wurkferbannen en wurkgroepen fan de Fryske Akademy. Op 8 en 9 juny steane de streektalen fan Nederlân sintraal by in konferinsje dy’t holden wurdt yn Tresoar en yn it Talepaviljoen.


Iepening

De iepening fan it simmerseizoen yn de tún fan de Fryske Akademy wurdt holden op freedtemiddei 25 maaie fan 15.00 oere ôf, dan sil ek út ein setten wurde mei de foarlêsmaraton fan it Frysk Hânwurdboek. By de iepening kin elk in priuwke krije fan wat der allegear te belibjen is fan ‘t simmer. www.fryske-akademy.nl/lf2018 biedt in oersjoch fan wat der noch mear ferwachte wurde kin.