Skip to main content

'Frysk yn beliedsfoarming OCW'

It Frysk moat standert opnommen wurde yn de beliedsfoarming by it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Dat bepleitsje fjouwer heechlearen Frysk – Goffe Jensma (RUG), Arjen Versloot (UvA), Hans Van de Velde (Fryske Akademy/UU) en Rolf Bremmer (Univ. Leiden) – yn in brief oan minister Van Engelshoven.

It foel de heechleararen op dat de twadde rykstaal, it Frysk, alhiel ûntbrekt yn it rapport 'Nederlands verdient meer' (pdf) dat de KNAW útbrocht hat oer de tastân fan de neerlandistyk by de Nederlânske universiteiten. Nettsjinsteande de skaalferskillen binne de maatregels dy't it rapport neamt foar it Nederlânsk ek rjochtstreeks fan tapassing op it Frysk, sa skriuwe de heechleararen.

It finansjeel yn stân hâlden fan op syn minst ien folsleine BA- en MA-oplieding Frysk yn Nederlân soe neffens de heechleararen garandearre wurde moatte. It finansjeel oantreklik meitsjen fan in ûnderwiismaster, dy't soargje kin foar mear kwalifisearre dosinten, kin neist it Nederlânsk ek op it Frysk fan tapassing ferklearre wurde. Dêrneist kin it Frysk meinommen wurde by de oare oanbefellingen oer de kwaliteit fan it skoalfak Nederlânsk en de foarljochting dêroer oan oankommende studinten.

Al mei al binne de fjouwer heechlearen Frysk yn Nederlân fan betinken dat de stúdzje fan en nei it Frysk deselde oandacht takomt fan it Ministearje fan Underwiis as it Nederlânsk.

Sjoch ek: