Skip to main content

Fryske adaptaasje Speakaboo-app

Alle Frysktalige bern yn Fryslân groeie meartalich op mei it Frysk en it Nederlânsk. Meastal giet de ferwerving fan dy beide talen goed. In inkelde kear is dit net it gefal. Logopedisten steane dan benammen by it ûndersykjen fan de fonologyske ûntwikkeling, de klankferwerving, fan dy bern foar útdagings.

Der is op it stuit gjin fonologyske test foar it Frysk foarhannen. Mei allinnich in Nederlânske test krijt in logopedist gjin folslein byld fan de fonologyske ferwerving fan in jong Frysktalich bern. Fierders witte wy hast neat fan de fonologyske ferwerving fan it Frysk by bern. Sûnder dy kennis is it dreech op in betroubere manier spraaksteurnissen te diagnostisearjen en goed te behanneljen.

Jelske Dijkstra fan de Fryske Akademy sil dêrom ûndersyk dwaan nei klankferwerving by Frysktalige bern. Binnen dit ûndersyk wurdt in Fryske ferzje fan de Speakaboo-app ûntwikkele. Speakaboo (www.kentalis.nl/speakaboo) is in meartalige app, dy’t troch logopedisten as observaasje-ynstrumint ynset wurde kin om de klankferwerving by meartalige bern te ûndersykjen. Op it stuit kin dit al mei 16 talen, lykas it Nederlânsk, Ingelsk, Arabysk, Poalsk ensfh. De Speakaboo-app is in produkt fan Koninklijke Kentalis en ûntwikkele troch app-ûntwikkelder ShoSho. De ûntwikkeling fan de Fryske ferzje wurdt troch Stichting De Friesland finansierd.

Twa miggen yn ien klap

Nei’t it Frysk oan de Speakaboo-app tafoege is, sil Speakaboo brûkt wurde foar in grutskalich ûndersyk nei de Fryske en Nederlânske klankferwerving fan Fryske bern. Op dy wize wurdt yn de kommende twa jierren yn kaart brocht hoe en yn hokfoar folchoarder Frysktalige bern de klanken fan dy beide talen ferwerve. Dit fonologyske ûndersyk wurdt finansierd troch Stichting Fryske Akademy Fûns.

Troch de ûntwikkeling fan de Fryske ferzje fan de Speakaboo-app en it fonologyske ûndersyk wurdt twa miggen yn ien klap slein. Logopedisten beskikke oer in standerdisearre ynstrumint dêr’t se de fonologyske ferwerving fan jonge Frysktalige bern mei ûndersykje kinne en de betroubere ynformaasje oer de ferwervingsfolchoarder fan de Fryske klanken jout harren ferfolgens hâldfêst yn de terapy.