Skip to main content

Fryske Akademy hat in nije website

De Fryske Akademy hat hjoed syn nije website lansearre. It giet yn it earstoan om in basisferzje, dy’t de kommende wiken stadichoan fierder útwreide wurdt. 

It wie sa njonkenlytsen ek tiid foar in nij jaske. Us foarige website wie net mear ôfstimd op de hjoeddeiske mooglikheden op it mêd fan mediagebrûk en al likemin op de ûntjouwingen yn ús wittenskipsbedriuw. Bygelyks, de oergong fan in fakgroepestruktuer nei in projektorganisaasje wie noch net werom te sjen op ús website.

By it staljaan fan de nije website hawwe wy rekken holden mei de winsken en easken fan de hjoeddeiske mediabrûker. De nije website hat in brûkersfreonlike navigaasje en is responsyf foarmjûn, wat betsjut dat de website sawol op kompjûter as op tablet en smartphone goed te brûken is.

It resultaat is in oersichtlike website mei nijsberjochten en ynformaasje oer eveneminten, lidmaatskip en stiperskip, persoanlike meiwurkerssiden en in oersjoch fan ús ûndersykstema's. De kommende wiken wurdt de website ûnder oaren útwreide mei mear ynformaasje oer rinnende ûndersyksprojekten en in oersjoch fan ús publikaasjes. Dan wurdt de website ek trijetalich: neist it Frysk en Nederlânsk sil dan ek in Ingelsktalige ferzje beskikber komme.

Wa’t op ’e syk is nei ynformaasje dy’t (noch) net beskikber is op de nije website, kin de âlde website fia de link https://argyf.fryske-akademy.eu rieplachtsje.

Hawwe jo fragen of opmerkingen oer de website? Stjoer in mail nei: kommunikaasje@fryske-akademy.nl.