Skip to main content

Gearwurking mei Súd-Afrika

Tiisdei 15 jannewaris kaam prof. Johan Schoeman fan de Suid-Afrikaanse Akademie vir Wetenskap en Kuns op besite by de Fryske Akademy.

Schoeman is lid fan de útfierende ried van de Suid-Afrikaanse Akademie vir Wetenskap en Kuns, heechlearaar diergenêskunde oan de Universiteit van Pretoria en redakteur fan it Afrikaansk faktydskrift Tydskrif vir Natuurwetenskappe en Tegnologie. Hy fierde op de Fryske Akademy in petear mei taalkundige Hans Van de Velde (lofts op de foto) en histoarikus Oebele Vries (rjochts op de foto) oer it behâld fan minderheidstalen en benammen fan wittenskiplike publikaasjes yn dy talen.

It is de earste wittenskiplike útwikseling tusken Fryslân en Súd-Afrika dy’t fuortkomt út in gearwurkingsoerienkomst tusken de Suid-Afrikaanse Akademie vir Wetenskap en Kuns (SAAWK) en de Fryske Akademy. Ferline jier novimber sleaten dy in oerienkomst foar wittenskiplike gearwurking op it mêd fan de taal- en letterkunde fan it Afrikaansk, it Frysk en oare yn Fryslân foarkommende taalfariëteiten. It doel is om ek ûndersyks- en akademyske ynformaasje en dokumintaasje út te wikseljen en gearwurkingsprojekten oan te gean.

De Fryske Akademy wurket ek gear mei it Súdafrikaanske Virtuele Instituut vir Afrikaans (VIvA) yn it ramt fan it Taalportaal. Dy webside, dy’t in online grammatika fan it Nederlânsk en Frysk biedt, waard yn 2016 útwreide mei it Afrikaansk: www.taalportaal.org. Meiwurkers fan de Fryske Akademy hawwe doe dêrta treningen oan kollega’s fan it VIvA jûn.