Skip to main content

Gedichten sinteklaasgedichtewedstriid online

Nei oanlieding fan de lansearring fan it nije online taalportaal Frysker.nl hawwe de Fryske Akademy en de Provinsje Fryslân in sinteklaasgedichtewedstriid foar jong en âld organisearre. 42 prachtige gedichten binne ynstjoerd, de priiswinners binne hjoed bekend makke.  

Lokwinske Brecht Bolink fan de St. Gregoriusskoalle yn Blauhús, Erwin van den Bosch út Harkema en Titia Lindeboom út Minnertsgea

 

 

Winnend gedicht yn kategory bern o/m 12 jier

Winner: Brecht Bolink fan de St. Gregoriusskoalle yn Blauhús

 

Ik ha hjoed myn skoech set,
ik krige in spul en myn broerke in pet.
Doe kaam Sinteklaas by ús yn ‘e klasse,
Mar de Piten wiene wiet, want sy stûnen yn in plasse
Gelokkich wie der in handoek en makken se har drûch,
Oan ‘e ein fan ‘e dei gongen se wer, doeg, doeg!
En dan let yn ‘e jûn, wie it pakjesjûn,
Yn myn gedicht stie bliuw sûn!

Brecht Bolink

 

Winnend gedicht yn kategory jongerein 13 o/m 21 jier

Winner: Erwin van den Bosch út Harkema

 

Op ‘e stoomboat en mei de stêf yn de hân
Komme Sinteklaas en Pyt yn it prachtige Fryslân
Sint wit net wêr’t hy as earste sjen moat
Dan freget Pyt ynienen: wat is dat?

It binne de bern oan wâl
Se steane werklik oeral
Stik foar stik sjonge en swaaie sy nei Sinteklaas
Dat wurdt beleanne mei wat pipernuten en spekulaas

Ienkear yn it Pitehûs sjocht Sint op de mail
Hy sjocht derby in bytsje heal
Ut Spanje krijt hy in hiel ûngelokkich berjocht
It grutte boek fan Sinteklaas leit noch op it oanrjocht

Sint giet hielendal te kear
Hy wit it even net mear
Hy stjoert Reispyt mei it fleantúch nei Spanje
En komt mei it boek gau werom nei Oranje

Hy iepenet it boek en nimt de tiid
Om te sjen wat der yn in grutte boek stiet
De Piten pakke gau de kado’s yn
En bringe dan pakjes nei de bern ta troch waar en wyn

Nei it besoargjen binne de piten wurch en foldien
Alle pakjes binne oankaam by elkenien
Alle bern wurde wekker en gean gau nei ûnderen ta
Om te sjen wat sy fan Sint en Pyt krigen ha

Boartersguod, wat iten of wat oars fan ús Pytsje
Do silst der yn alle gefallen fan genietsje
Ik hoopje dat de kado’s nei it sin binne
Want dan hoech ik net wer nei de winkel ta te rinnen

Foardat ik wer nei Spanje gean mei myn skip
Ha ik noch ien lêste boadskip
Bliuw sûn en doch leaf tsjin elkenien
Dan komme myn Piten takom jier wer troch de skoarstien

Ik winskje jo in noflike Sinteklaas!

Freonlike groetnis,

Sint en de Pitebaas


Erwin van den Bosch

 

Winnend gedicht yn kategory folwoeksenen

Winner: Titia Lindeboom út Minnertsgea

 

Leave Sint,
 

It waard tiid dat ik wer ris betocht
wat Sint en Pyt my skinke moatte.
Fan tefolle spul ha ik myn nocht,
ik hoech gjin letters of sûkerlatten.

Gjin boudoaze, gjin legohûs,
gjin keatseballen yn in netsje,
want ik sit mei korona thús:
allinnich keatse is gjin pretsje.

Gjin pop mei plestik in it hier,
gjin selstest om myn feint te tútsjen,
fan snobbersguod wurd ik te swier
(no ja, in inkeld pipernútsje...).

Dus Sint, ik sis jo sûnder sjêne:
smyt no myn skuontsje mar net fol
want ik sit hjir yn karantêne,
mar grutte winsken haw ik wol.

Ik winskje geduld, ja, in hiel soad,
oant lju wer freonlik tegearre rinne
en in griene, sûne, bliere wrâld,
wêr minsken net in koade binne.

Titia Lindeboom