Skip to main content

Gelbrich Haringsma ferstoarn

Nei in skoft fan siik-wêzen is yn 'e âldens fan 63 jier ús meiwurkster en kollega Gelbrich Haringsma-Bandsma ferstoarn op sneon 28 jannewaris 2017.

Fan 1971 ôf - se wie doe santjin jier - hat se goed 45 jier wurke op it sekretariaat fan de Fryske Akademy. Direksje en meiwurkers fan de Fryske Akademy hâlde Gelbrich yn oantinken as in fleurige, noflike en lykmoedige kollega.