Skip to main content

Gjin foardiel fan betide twataligens

Betiid twatalich wêze yn Frysk-Nederlânsk is gjin garânsje foar it suksesfol learen fan it Ingelsk as tredde taal. Dat docht bliken út promoasjeûndersyk fan Mirjam Günther-Van der Meij. Soks falt op, om’t oan no ta twataligens meastal as in foardiel wat it winnen fan in tredde taal oanbelanget sjoen waard. Yn ’e Fryske kontekst is dat dus net sa. Oare faktoaren, lykas taaleftergrûn, motivaasje om talen te learen en it yn-kontakt-wêzen mei taal, spylje in wichtiger rol.

Trijetalige taalûntjouwing ferskilt fan twatalige taalûntjouwing, om’t twataligen mear betûfte taallearders binne (om’t se al twa talen yn ’e macht hawwe) en tagong hawwe ta twa linguistyske systemen. Wat út it ûndersyk fan Günther-Van der Meij lykwols dúdlik wurdt, is dat betide twataligens yn ’e Fryske kontekst gjin foardiel jout, mar ek gjin hinderpeal is foar it learen fan it Ingelsk as tredde taal (T3). De Fryske sitewaasje is unyk om ûnderskate reden; ien dêrfan is dat it Frysk en it Ingelsk nau oaninoar besibbe binne. Mar dy besibbens, sa hat bliken dien, is earder in neidiel as in foardiel. In oare opfallende dielkonklúzje is: ‘lettere twataligen’ binne wisser fan harren Ingelske taalfeardigens as ‘betide twataligen’. Günther-Van der Meij neamt de earste groep bettere Ingelske taallearders, mar de twadde groep bestiet út fluggere learders fan it Ingelsk.

Mirjam Günther-Van der Meij ûndersocht by 77 jongfolwoeksenen oft twatalige sprekkers fan it Frysk in foardiel hawwe by it learen fan it Ingelsk. 34 betiid Frysk-Nederlânske (EB) en 43 lettere Nederlânsk-Fryske (LB) twataligen diene mei oan in rige eksperiminten om de impact fan mjitte fan twataligens op Ingelske taalûntjouwing te bestudearjen. Günter-Van der Meij seach dêrby nei trije fokuspunten dy’t in rol spylje yn it jin eigen-meitsjen  fan in tredde taal: sosjo-psychologyske faktoaren, mûnlinge taalfeardigens en leksikale tagong. Dy saken waarden allegear op trije ûnderskate mominten yn íén skoallejier metten. De ûndersykster brûkte eftergrûnfragelisten om neigean te kinnen oft EB en LB ferskillenden yn ’e omfang fan it taalkontakt en yn attitudes en motivaasje foar it taallearen oer. Ferteltaken yn trije talen waarden brûkt om mooglike ferskillen yn mûnlinge taalfeardigens te beskriuwen. En mei twa reaksjetiideksperiminten waard de leksikale tagong oangeande it weromkennen fan wurden fan ’e proefpersoanen ûndersocht.

Mirjam Günther-Van der Meij (Hallum, 1980) promovearret op 14 maaie 2018 yn ’e Martinytsjerke te Frjentsjer. Se hat yn Amsterdam Ingelsk en Tapaste Taalwittenskip studearre. Dy lêste stúdzje hat se ôfsletten mei in masterskripsje oer mûnlinge taalfeardigens op ’e Trijetalige Skoalle (2008).

Har promoasjeûndersyk die se as eksterne promovenda oan it ûndersyksynstitút CLCG fan ’e Fakulteit fan ’e Letteren (Ryksuniversiteit Grins) en waard bekostige troch de Fryske Akademy. Mirjam Günther-Van der Meij wurket op ’t stuit oan ’e Fryske Akademy en oan NHL Stenden Hegeskoalle as taalûndersykster.

Sjoch ek: