Skip to main content

Hindrik ten Hoeve ta lid beneamd

Beneamd ta lid fan de Fryske Akademy: Hindrik ten Hoeve, Klaasje Postma en Freark Smink.

Hindrik ten Hoeve.

Presintaasje fan Anne Merkuur.

Performance fan Wiebe Kaspers en Arjan Hut.

Ald-senator Hindrik ten Hoeve is op Akademydei ta lid beneamd, lykas akteurspear Klaasje Postma en Freark Smink.

Hindrik ten Hoeve wie fan 1980 oant 1988 Steatelid foar de FNP, foar’t er yn 2003 yn de Earste Keamer kaam as senaatslid fan de Onafhankelijke Senaat Fractie (OSF). Dat wie er oant 11 juny fan dit jier. Yn syn ferskate bestjoersfunksjes, lykas by de Stichting Alde Fryske Tsjerken en de Stichting Fryske BerneOpfang komt it Frysk en it Fryske erfgoed ek goed nei foaren. Neffens de sjuery is Ten Hoeve in wrotter dy’t himsels noait op de foargrûn pleatst, mar syn kundigens en yntegriteit wurdt tige heechachte.

Akteurspear

It noch altyd tige warbere akteurspear Klaasje Postma en Freark Smink waard ek ta lid beneamd. Klaasje Postma spile yn sa’n 60 toanielstikken en wie jierrenlang fêste spiler by toanielselskip Tryater. Ferliene jier hie se in rol yn de grutte Kulturele Haadstêd-produksje De Stormruiter. Har eigen stikken ferriede in grutte maatskiplike belutsenheid en de Fryske taal hat altyd in wichtich elemint west yn har toaniel.

Freark Smink is foar nimmen yn de Fryske wrâld ûnbekend. Yn 1976 waard er nei Tryater helle en hast alle jierren folge in nije toanielproduksje dêr’t er yn meispile. It wie net allinne it teater dêr’t Freark Smink aktyf wie, mar fan ein jierren tachtich ôf makke er Fryske skoalletelefyzje lykas Sybe Satellyt. Dêrnjonken hie er ek geregelwei in rol yn lanlike telefyzjesearjes.

Presintaasjes

Promovendus Anne Merkuur hold op Akademydei in presintaasje oer har ûndersyk nei feroarings yn Fryske tiidwurdbûging en wat dat ús fertelt oer taal. Projektlieder Aldfrysk Han Nijdam en VU-rjochthistoarikus Hylkje de Jong hawwe ferteld oer harren ûndersyk nei Aldfrysk rjocht en de ynfloed fan it Romeinske en kanonike rjocht yn Fryslân yn de iermoderne tiid. Der wie ek in optreden fan dichter Arjan Hut en pianist Wiebe Kaspers.

De 81ste Akademydei waard iepene troch ynterim-direkteur Willem Smink, dy’t de stân fan saken by de Fryske Akademy taljochte hat foar it publyk. Okkerlêsten binne twa rapporten oer de takomstbestindigens en de governance fan de Fryske Akademy útbrocht. Op grûn dêrfan sil de provinsje Fryslân yn ’e mande mei it Ministearje fan OKW, de KNAW en de Fryske Akademy in ynhâldlik foarstel oer de takomst fan it ynstitút útwurkje.

Berjochtjouwing yn de media: