Skip to main content

It Beaken makket in ynhelslach

Sakrekt ferskynd is in nij nûmer fan It Beaken, mei bydragen fan Jarich Hoekstra, Ferenc Postma en Riemer Reinsma.

De ynhelslach wat it ferskinen fan nûmers fan It Beaken oanbelanget, is noch altiten oan ’e gong. De redaksje hie it earste nûmer fan ’e jubileumjiergong 80 2018 – de Fryske Akademy waard oprjochte yn 1938 en sûnt bestiet It Beaken ek al! – nammentlik graach earder útkomme litte wollen. Nije, ûnfoarsjoene, tûkelteammen kearden dat spitigernôch op.

Lykwols foel nûmer 1/2 fan jiergong 80 fan 'e wike by de abonnees op ’e matte. It nûmer hat stikken fan Jarich Hoekstra (Kiel), Ferenc Postma (Venlo) en Riemer Reinsma (Amsterdam). Reinsma, âld-leksikograaf en nammekundige, sjocht mei wat distânsje nei de taalkar op ’e plaknammebuorden yn Fryslân fan ’e lêste desennia.

De redaksje hâldt hoek, en hopet dat nûmer 3/4 2018 – in spesjaalnûmer oer literatuer, mei lêzingen fan it Frysk Geasteswittenskiplik Kongres fan ôfrûne april – meikoarten ek ferskine kin.

Aldere nûmers binne beskikber yn PDF op 'e side fan It Beaken.