Skip to main content

KEI NOF en Akademy ûndersykje metaalsektor

De Fryske Akademy en it Kennis- en Ynnovaasjehûs Noardeast-Fryslân (KEI NOF) út Bûtenpost sille yn ‘e mande ûndersyk dwaan nei de metaalsektor yn Noardeast-Fryslân. Beide partijen dogge tagelyk ûndersyk nei de merk binnen de metaalsektor en fokusje dêrby op ûntwikkelingen op it mêd fan ynnovaasje en gearwurking.

KEI NOF rjochtet him yn syn ûndersyk op ûndernimmers yn Noardeast-Fryslân dy’t binnen de metaalsektor operearje. Doel fan dat ûndersyk is om te ynventarisearjen oft der út de metaalsektor wei ek ferlet is fan en belangstelling foar it opsetten fan in Ynnovaasjekluster Metaal. It Metaalkluster moat it mei-inoar oparbeidzjen fan metaalbedriuwen yn de regio befoarderje, wat wer liede moat ta produktûntwikkeling en ynnovaasje foar de takomst.

De Fryske Akademy is koartlyn úteinset mei in ûndersyk nei fiif sektoaren yn Noardeast-Fryslân, dêrby ynbegrepen de metaalyndustry. Dat ûndersyk moat útrinne op de Ekonomyske Fitaliteitssken Noardeast-Fryslân 2017. De Ekonomyske Fitaliteitssken is ien fan de jierrapporten fan in mearjierrich ûndersyk nei de ekonomyske fitaliteit fan Noardeast-Fryslân. Yn dat ûndersyk wurde trends en ûntwikkelingen yn wurden en sifers beneamd. Dat hat as doel om in kennisbydrage te leverjen oan it regionaal-ekonomysk belied fan ûndernimmers, beliedsmakker, bestjoerders en folksfertsjintwurdigers.

It ûndersyk fan de Fryske Akademy heakket oan op it oanwizen fan Noardeast-Fryslân as ien fan de seis Nederlânske proeftunen dêr’t mei nije foarmen fan regionaal-ekonomyske gearwurking eksperimintearre wurdt.

Omdat beide partijen faninoar leare kinne en inoar oanfolje kinne, is besletten om mei-inoar op te arbeidzjen. De Ekonomyske Fitaliteitssken ferskynt neffens ferwachting begjin 2017.