Skip to main content

Lyts Frysk Diktee - tongersdei 14 april

Martsje de Jong - foto M.J. de Jong

Op tongersdei 14 april dogge  40 Fryske bern mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Yn de Steateseal fan de provinsje Fryslân wurde sy útdage om sa goed mooglik Frysk te skriuwen.

De foarronde foar it diktee is earder dizze moanne holden op 16 Fryske basisskoallen. Sa’n 350 bern diene dêroan mei en dêrfan geane 40 troch nei de finale yn de Steateseal.

De tekst foar it diktee is fan ‘t jier skreaun troch Martsje de Jong, bekend fan ûnder oaren de Fryske oersettings fan Pippi Langkous fan Astrid Lindgren (2020) en De Goargels fan Jochem Myjer (2021).

It Lyts Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Fryske Akademy, de Afûk, it Cedin en de Provinsje Fryslân.

Fan ‘t jier wurdt it Grut Frysk Diktee ek wer holden. Dat is op tiisdei 17 maaie, de kwalifikaasje foar dit diktee set meikoarten útein.