Skip to main content

Meartaligens Fryslân yn kaart

De Fryske Akademy set yn 'e wike fan 9 febrewaris útein mei in grut taalsosjologysk ûndersyk op fersyk fan 'e provinsje Fryslân. Likernôch 10 % fan 'e Fryske húshâldens wurdt yn 'e kommende dagen útnûge om dêr oan mei te dwaan. Mei dit breed opsette ûndersyk wurdt de aktuele meartalichheidssituaasje yn 'e provinsje Fryslân yn kaart brocht.

Tritichtûzen ynwenners fan Fryslân fan 12 jier en âlder wurde oanskreaun om mei te dwaan oan in online survey, in koarte fragelist dy't op ynternet ynfolle wurde kin. Foar dizze stekproef wurdt gebrûk makke fan in adressebestân fan 'e provinsje Fryslân. Dêrneist sille strukturearre ynterviews útfierd wurde mei sa'n 250 Frysktalige respondinten.

Mei de survey Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje bringt de Fryske Akademy it brûken fan it sprutsen Frysk yn it deistich libben fan 'e ynwenners fan Fryslân yn kaart. Dêrneist wurde de taalhâlding en de opfettingen oer it eigen en oarmans taalgebrûk en it learen fan it Frysk ûndersocht.

In tredde aspekt dat yn kaart brocht wurdt is de saneamde taalfariaasje: it ferskaat oan farianten fan it hjoeddeistige Frysk en de geografyske sprieding dêrfan. Dêrmei krijt men in yndruk fan 'e ôfstân tusken de ferskillende farianten fan it deistich brûkte Frysk en it skreaune Frysk.

 

Skaaimerken fan opienfolgjende generaasjes

Fryslân is de iennige regio yn Nederlân dêr't al hast in heale iuw struktureel en periodyk ûndersyk nei de taalsituaasje dien wurdt. It ûndersyk nei de Fryske mienskip as meartalich laboratoarium is sawol teoretysk as metodologysk fan grut belang foar it ûndersyk nei meartaligens yn Europa.

It grutskalige survey-ûndersyk bout fierder op in tradysje dy't de Fryske Akademy ynsette mei it ûndersyk fan Lieuwe Pietersen (1967-69) nei lês- en praatgewoanten yn Fryslân. Nei it ûndersyk fan Pietersen folgen de ûndersiken Taal yn Fryslân (1980) en Taal yn Fryslân op ?e nij besjoen (1994).

Mei de gegevens dy't doe sammele binne en de quick scans fan 'e Provinsje Fryslân út 2007, 2008 en 2011 derby is in rige fan data beskikber dy't fergelike wurde sille mei de nije data fan ús ûndersyk. Hjirmei kinne de ûntjouwingen yn 'e Fryske taalbehearsking en taalhâlding oer in langere perioade yn kaart brocht wurde.

Mei Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje wurdt sawol in wittenskiplik as in maatskiplik belang tsjinne. It biedt in unike basis foar it wittenskiplik bestudearjen fan al of net positive ûntjouwingen yn 'e Fryske taalsituaasje oer in perioade fan hast fyftich jier, mar ek de skaaimerken fan opienfolgjende generaasjes en de effekten fan faktoaren as taalbelied, taalhâlding en ûnderwiisprogramma's.

Dêrneist binne de útkomsten fan 'e survey fan direkt en grut belang foar de ferskillende oerheden mei ferantwurdlikheid foar de Fryske taal en kultuer. Op basis fan 'e gegevens oer de aktuele taalsituaasje yn Fryslân sille ferfolchstappen yn it provinsjale en gemeentlike taalbelied formulearre wurde.

 

Advyskommisje en klankboerdgroep

De koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan sosjolooch/metodolooch dr. Edwin Klinkenberg en nearlandikus/frisist en UCF-promovenda drs. Nika Stefan. Foar de provinsje Fryslân sil nei ferwachting yn 'e maitiid fan 2016 in einrapport oplevere wurde. It hiele ûndersyksprojekt rint oant yn 2017.

De kwaliteit fan it ûndersyk wurdt bewekke troch in wittenskiplike advyskommisje besteande út taalsosjolooch Durk Gorter (Universiteit fan Baskelân), taalwittenskipper Roeland van Hout (Radboud Universiteit), sosjolooch Rudi Janssens (Vrije Universiteit Brussel) en heechlearaar Fryske taal- en letterkunde Goffe Jensma (Ryksuniversiteit Grins). Dêrneist is der in maatskiplike klankboerdgroep fan belanghawwenden foarme út ferskillende lagen fan 'e Fryske mienskip.