Skip to main content

Nije bestjoersôfspraak Fryske taal

Minister Ollongren, kommisaris Brok en deputearre Poepjes oan 'e tekentafel.

Minister fan Ynlânske Saken Kajsa Ollongren en Kommisaris fan de Kening Arno Brok hawwe freed 30 novimber 2018 de nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019-2023 (BFTK) tekene yn it taalbelibbingssintrum Obe yn Ljouwert.

Mei it ûndertekenjen fan de BFTK jouwe it Ryk en de provinsje ynfolling oan de Wet gebrûk Fryske taal. De ôfspraken binne basearre op it Europeesk Hânfest foar Regionale of Minderheidstalen. 

‘Situaasje Fryske Akademy goed yn kaart bringe’

Ien fan de grutste útdagings is it fuortsterkjen fan it Frysk yn it ûnderwiis. Alle skoallen yn it Fryske taalgebiet moatte yn 2030 foldwaan oan de kearndoelen foar it Frysk. De ôfspraken yn de bestjoersôfspraak soargje foar de rânefoarwearden om dit mooglik te meitsjen. Goed lesmateriaal, ûnderwiisbegelieding, oplate dosinten en foarljochting binne hjirby ûnmisber. Foar it Frysk op universitêr nivo jout it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes in jierlikse bydrage fan € 110.000 foar de Learstoel Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins.

Ryk en provinsje nommen yn de BFTK ek in ôfspraak op oer de Fryske Akademy. De oerheden kamen oerien dat de provinsje op koarte termyn de situaasje fan de Fryske Akademy goed yn kaart bringt. De provinsje sjocht hjirby mei klam nei de finansjele en bestjoerlike situaasje, de organisaasje fan it wittenskiplike ynstitút en de ferbining mei de KNAW. “Mei de bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer leit der no de kâns om mei de oanbelangjende partijen ta in sûne en takomstbestindige ynrjochting te kommen foar de Fryske Akademy as wittenskiplik ynstitút,” sa fynt kultuerdeputearre Poepjes.

Swierrichheden yn Europeeske rapportaazje

Fan it advysorgaan Dingtiid ûntfong minister Ollongren in ûndersyksrapport dat it kennissintrum Mercator die nei de ymplementaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. It ûndersyk waard útset nei oanlieding fan de fraach fan de provinsje Fryslân hokker lessen oft leard wurde kinne út de fiif rapportaazjesykly dy’t sûnt 1996 west ha oangeande it útfieren fan it Europeesk Hânfêst.

It rapport docht bliken dat der strukturele swierrichheden binne yn de rapportaazjesyklus, dy’t net goed binne foar it Frysk. Sa is de Europeeske rapportaazjesyklus om de trije jierren, wylst de beliedssyklus fan in soad lidsteaten fjouwerjierliks is. As dy beide sykly lyk rinne, sil der better ynformearre wurde en sil ek de ymplemintaasje better ferrinne kinne.

Sjoch ek: