Skip to main content

Nije publikaasjes Evelyn Bosma oer meartaligens op skoalle

Hoe ferrint de taalûntwikkeling fan meartalige bern as harren twa talen opinoar lykje? En hoe kin de meartalige oanpak fan Fryske basisskoallen in foarbyld wêze foar oare skoallen, no 't bern út Oekraïene op de stoepe stean? Yn artikels yn Onze Taal en yn HP/ De Tijd, mar ek yn in ôflevering fan de podcast Kletsheads, jout Dr. Evelyn Bosma útlis oer al dizze bysûndere aspekten fan meartaligens yn it ûnderwiis.

 

De resinte publikaasjes fan Evelyn Bosma:

1) in artikel yn HP/De Tijd oer it gebrûk fan it Oekraïensk yn de klasse (juny 2022): 'Oekraïens in de klas'
2) in ôflevering fan de podcast Kletsheads oer it Frysk op skoallen: 'Meertalig opgroeien met Fries [Seizoen 3, Aflevering 9]' (transcriptie beschikbaar)
3) in artikel yn Onze Taal oer translanguaging (maaie 2022): 'Woorden verbinden als legosteentjes' (allinnich foar abonnees)


Oer Evelyn Bosma
 

Bosma is postdoktoraal ûndersiker Taalwittenskip by de Fryske Akademy en is tagelyk dosint oan de Universiteit Leiden. Hja studearre Taalwittenskip en Latynsk-Amearikastúdzjes oan de Universiteit Leiden. Yn 2017 ferdigene se har proefskrift (Fryske Akademy/UvA) oer de taal- en kognitive ûntjouwing fan Frysk-Nederlânske twatalige bern. Dêrnei wurke se as dosint en postdoktoraal ûndersiker oan de Universiteit Leiden en de Universiteit Utrecht.

Tegearre mei kollega’s út Noarwegen docht Bosma no ûndersyk nei meartalige geletterdheid. As psycholinguist hâldt se har dwaande mei de fraach hoe’t twataligens yn ’e holle wurket. Hjirby makket se gebrûk fan taalfeardigenstesten, reaksjetiideksperiminten, eye-tracking en EEG. Se hat ûnder oaren artikels skreaun oer kognaten, code-switching en de kognitive effekten fan twataligens.