Skip to main content

Nije staveringshifkers op Taalweb

De website Taalweb.frl, dêr’t Fryske taalhelpmiddels op te finen binne, is hjoed fernijd en útwreide mei nije staveringshifkers en in digitale edysje fan it Frysk Hânwurdboek. 

De website is no responsyf makke. Dat betsjut dat de website no makliker te brûken is op smartphone en tablet. De online Staveringshifker is ferbettere en oanfolle mei sa’n 600 nije aktuele wurden. De online Oersetter, dy’t Fryske teksten nei it Nederlânsk oerset en oarsom, is oanpast oan de staveringsoanpassingen fan 2015 (bgl. drûch, iuw, útnûgje, telefyzje).

Nij op Taalweb is in downloadside mei mear as 10 staveringshifkers foar allegear programma’s en platfoarms, û.o. foar Word, Outlook, Word foar Mac OS X, Mozilla en LibreOffice/OpenOffice.

Frysk Hânwurdboek
Op dy side is ek de fernijde digitale útjefte fan it Frysk Hânwurdboek beskikber foar Windows, Apple en Linux. Yn dit ientalich Frysk Hânwurdboek, dat foar it earst yn 2008 ferskynde as boek en cd-rom, wurde sa’n 70.000 wurden beskreaun: grûnwurden, gearstallingen, ôfliedingen, ôfkoartingen, synonimen en besibbe wurden. It wurdboek jout gâns omtinken oan de eigentiidske wurdskat.

Yn ’e nije digitale edysje fan it Frysk Hânwurdboek is de staveringsoanpassing fan 2015 ferwurke. De tekst is ek yn it lyk brocht mei de Foarkarswurdlist foar it Frysk.

Foar elkenien dy't Frysk skriuwe wol
Taalweb Frysk, ûntwikkele yn opdracht fan Provinsje Fryslân, is ornearre foar elkenien dy’t Frysk skriuwe wol. Mei in breed en fergees oanbod fan taalhelpmiddels dy't de skriuwfeardigens yn it Frysk stypje, is it platfoarm unyk yn 'e wrâld en in foarbyld foar oare lytse talen.

De útwreiding fan ’e website is realisearre yn gearwurking mei ict-bedriuw GridLine. Alle produkten fan Taalweb Frysk binne fergees te brûken en te downloaden.

  • Gean nei Taalweb Frysk
  • Lês mear oer de taalprodukten en -tsjinsten fan 'e Fryske Akademy