Skip to main content

Prinses Laurentien iepenet gebouwen

Har Keninklike Heechheid Prinses Laurentien fan de Nederlannen iepenet freed 9 septimber yn Ljouwert it fernijde en restaurearre gebouwekompleks fan ’e Fryske Akademy.

De Fryske Akademy, dy’t yn 1938 oprjochte waard as wittenskiplik ynstitút foar de Fryske taal en kultuer, is ûnderbrocht yn it monumintale 18de-iuwske Coulonhûs en de omlizzende pannen. Foar it earst sûnt it yn gebrûk nimmen troch de Fryske Akademy binne dizze pannen folslein restaurearre en oanpast oan ’e easken fan dizze tiid.

Yn ’e rin fan ’e jierren hat de Fryske Akademy him ûntwikkele fan in lyts ynstitút mei in protte frijwilligers ta in profesjonele ûndersyksynstelling. Sûnt 1990 is de Akademy ferbûn oan ’e KNAW as ien fan ’e fyftjin ûndersyksynstituten. Binnen it ûndersyk wurdt in soad omtinken jûn oan taal, ûnderwiis en meartaligens yn Fryslân. Dêrneist ûntwikkelet de Akademy taalhelpmiddels foar it Frysk. Dy gebieten hawwe ek de oandacht fan Prinses Laurentien, dy’t ûnder oaren earefoarsitter fan Stichting Lezen & Schrijven en beskermfrou fan Genootschap Onze Taal is.

De offisjele iepening fan ’e gebouwen troch Prinses Laurentien is ûnderdiel fan in grutter programma om de fernijde Fryske Akademy hinne. Sa wurdt op tongersdei 8 septimber yn ’e tún fan ’e Akademy in wittenskiplik kongres holden oer Fryslân yn it ûndersyk fan ’e KNAW-ynstituten. Nei de offisjele iepening troch de Prinses op freed 9 septimber, folget yn it Natuermuseum in programma mei lêzingen dy’t yn it teken steane fan arsjitektuer en de werbestimming fan gebouwen.

Credits foto: Rijksvoorlichtingsdienst