Skip to main content

Projektorganisaasje ferfangt fakgroepen

De Fryske Akademy ferfangt syn âlde fakgroepstruktuer troch in projektorganisaasje. Yn stee fan de trije fakgroepen Taalkunde, Skiednis en Sosjale Wittenskippen komme der acht projektlieders dy’t it ûndersyk fan ’e Fryske Akademy ynhâldlik begeliede. Dat makket direkteur-bestjoerder Hanno Brand hjoed bekend op Akademydei, de jiergearkomste foar leden en stipers fan de Fryske Akademy.

“Dy yngreep is in reaksje op de besunigingen fan de ôfrûne jierren, dy’t derfoar soargen dat yn 2013 de fêste wittenskiplike stêf omtrint troch de helte gien wie. Soks gie te’n koste fan dissiplinen lykas letterkunde, bestjoerskunde en sosjale duorsumens.” De Akademy is dizze moanne út ein set mei de oergong nei in projektorganisaasje. De acht projektlieders wurde út eigen gelederen rekrutearre. Brand: “Yn de nije struktuer binne ferantwurdlikheden foar it ûndersyk mear oer minsken ferdield mei it doel om de slachkrêft fan de Akademy te fergrutsjen. Om dy reden is de fokus fan de Fryske Akademy ek fersmelle. It ûndersyk rjochtet him no de kommende jierren op taal, leksikografy, meartaligens, skiednis en regionale identiteit.”

 

Alfde RUG-fakulteit

Dekaan fan Campus Fryslân fan ’e Ryksuniversiteit Grins prof.dr. Jouke de Vries jout in lêzing oer de fêstiging yn Ljouwert fan ’e alfde RUG-fakulteit. Hanno Brand sjocht de plannen foar de alfde fakulteit as in kâns om it ûndersyk nei meartaligens oan de Fryske Akademy te fersterkjen. “Ferdjipping fan it akademysk ûnderwiis yn de foarm fan echte researchmasters, dy’t in fiedingsboaiem biede foar promovendy, kin foar de Akademy fertuten dwaan.”

Undersikers Edwin Klinkenberg en Nika Stefan fertelle oer de grutte taalênkete ‘Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje’ en sille it publyk ynsjoch jaan yn de earste resultaten. Fierder binne der mar leafst twa boekpresintaasjes. Eric Hoekstra presintearret syn bondel Midfrysk Goud, mei oersettingen fan 17de-iuwske Fryske literatuer yn hjoeddeisk Frysk. It twadde boek, Musica miscella (1602) en oare wurken is in bysûndere rekonstruksje fan komposysjes fan ’e Ljouwerter muzykmaster Jaques Vredeman. Alhiel yn ’e sfear is it optreden fan de groep Kapriol’! mei Fryske muzyk út ferline iuwen.

 

Nije leden

Lykas oare jierren wurde der op Akademy-dei nije leden beneamd. Foar fertsjinsten op it mêd fan de kultuer wurde ta lid fan 'e Fryske Akademy beneamd Doeke Sijens (skriuwer) en Hoite Pruiksma (dirigint en komponist).

Op it mêd fan de wittenskip wurde beneamd Roeland van Hout (taalwittenskipper) en Dirk Strijker (heechlearaar plattelânsûntwikkeling), dy’t beide leden fan de Wittenskipskommisje fan de Akademy west hawwe.

Foar har fertsjinsten en oanhâldende niget foar de Fryske kultuer yn it algemien wurdt Doete Stienstra-Venema ek ta lid fan ’e Fryske Akademy beneamd.

 

Akademydei 2015

Freed 11 septimber 2015, 14.00-17.00 oere yn kongressintrum WTC, Heliconwei 52 te Ljouwert.