Skip to main content

Skripsjepriis foar Nienke Jet de Vries

Nienke Jet de Vries is winner fan ’e Skripsjepriis 2014-2016, dêr’t de Fryske Akademy it bêste skripsjeûndersyk nei in Frysk tema mei ûnderskiedt. De Skripsjepriis – in bedrach fan tûzen euro – is oan De Vries útrikt op ’e earste Letterkundedei dy’t de Fryske Akademy hjoed organisearret.

De Vries kriget de priis foar har masterskripsje Fan Selskip nei mienskip, dy’t se yn 2015 foltôge hat foar de oplieding Fryske letterkunde oan ’e Ryksuniversiteit Grins. Yn har skripsje sjocht De Vries nei de rol fan ’e Fryske literatuer tusken 1844 en 1915 as ferbinende krêft fan it doe ta stân kommende Fryske taalbewustwêzen.

De Skripsjepriis wurdt om it jier útrikt. Studinten kinne oant 1 juny 2018 harren masterskripsje ynstjoere foar de folgjende Skripsjepriis.

 

Ut it sjueryrapport
Yn har skripsje brûkt De Vries teoryen fan Walter Ong en Benedict Anderson om nei te gean hoe’t de opkomst fan skriuwtaal, en de opkomst fan literatuer yn it bysûnder, bydroegen hat oan de foarming fan de Fryske mienskip. De Fryske mienskip wurdt dêrmei sjoen as in imagined community, wat frij oer te setten is as in mienskip dy’t yn ‘e geast konstruearre is. De Amerikaanske histoarikus Carlton Hayes sjocht dit mienskipsfielen sels as in soarte fan religy, omdat it mei in kollektyf leauwen te krijen hat.

De binende rol fan de literatuer yn dat tiidrek docht bliken út it opkommen fan in grut tal periodiken, dy’t De Vries allegear in kaart brocht hat. Tagelyk lit se ek sjen dat de skieding tusken skriftlik en mûnling net absolút is. Skriftlike teksten waarden by mûnlinge foardrachten te keap oanbean oan it publyk. Mûnlinge foardracht, kabaret yn feite, fûn plak op Fryske winterjûnen. Dêr komt dan ek it romrofte begryp “Winterjounenocht” wei, de suksesformule fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen. De formule fan it Winterjounenocht waard rûnom neifolge en droech in protte by oan it taalbewustwêzen fan de Friezen.

Sa’t De Vries sels oanjout yn har konklúzje: De 19de-iuwske Fryske literatuer hat in mienskip smeid dy’t har bewust waard fan har eigen Fryske identiteit, en sa in publyk kreëarre foar oare foarmen fan kultuer en dregere literêre sjenres. Dêrmei rehabilitearret se de Fryske literatuer út ‘e 19de iuw, dy’t troch Douwe Kalma leechlizzend “folksskriuwerij” neamd waard.