Skip to main content

Time Machine Snits online

Foto: Meije Gildemacher

Witte wêr’t de Snitsers út it ferline wenne hawwe? Of wêr’t it hús fan jins oerpake út Balk stien hat? Dat is nei te gean yn de Time Machine fan de Fryske Akademy. Foar Snits, Sleat, Balk en De Jouwer komt der hjoed in protte ynformaasje oer huzen en harren bewenners en eigners út it tiidrek 1750-1900 op digitale histoaryske kaarten beskikber. De webside waard offisjeel lansearre op freed 29 maart om 15.00 oere yn it Fries Scheepvaartmuseum te Snits troch wethâlder Frans Veltman fan gemeente De Fryske Marren.

Nei Dokkum en Ljouwert hat de Fryske Akademy Snits, Sleat, Balk en De Jouwer ferwurke yn Redbot, it digitalisearringsprogramma foar kultureel erfgoed fan de provinsje Fryslân. Foar de presintaasje yn de Time Machine binne fan dy plakken gegevens út âlde belestingregisters, folkstellingen, befolkingsadministraasjes en it kadaster sammele en mei-inoar ferbûn. Troch in hûs of perseel op de kaart oan te klikken ferskine alle gegevens tagelyk yn byld. Projektlieder Hans Mol: “Lange en omslachtige syktochten hearre aanst ta it ferline. It finen fan ynformaasje oer minsken, mar ek oer har berop, fermogen, leauwe en berteplak is no folle makliker.”

Lokale frijwilligers
De Time Machine is ta stân kommen yn oparbeidzjen mei lokale frijwilligers. De data fan Snits en De Jouwer binne troch Karel Gildemacher sammele, dy’t ek de âlde húsnûmers keppele hat. Johan Groenewoud hat dat op ferlykbere wize dien foar de gegevens fan Balk. Al dy ynformaasje stiet al op syn webside (www.langsdeluts.nl), dêr't út HISGIS  (www.hisgis.nl) wei in direkte link mei makke is. Sleat is bewurke troch meiwurkers fan de Fryske Akademy sels. It HISGIS-team fan de Fryske Akademy hat fierder gâns histoaryske data fan de oanbelangjende partijen yntegrearre mei eigen nije data en kaarten. Sa sil njonken de besteande âldste kadastrale perselen fan 1832 ek it op ’en nij besjoene kadaster fan 1887 beskikber komme.

Gean nei: