Skip to main content

Titus Brandsma hillich ferklearre

Titus Brandsma

Titus Brandsma oan de widze fan de Fryske Akademy

Fryslân hwer myn mem my widze,
Hwer as bern ik boarte ha,
Hwer ’k myn earste wirden útre,
Fen gjin lânsdou hâld ik sa.

Dit gedicht is fan Titus Brandsma, waans widze yn Oegekleaster tusken Hartwert en Boalsert stie. Hy kaam dêr op 23 febrewaris 1881 op ’e wrâld. Oan de lêste rigel is te sjen dat Fryslân him nei oan it hert lei. As alvejierrige gie er al út Fryslân wei, mar hy hat him dêrnei lange tiid op alderlei mêden foar it Frysk en syn heitelân ynset. In soad Fryske organisaasjes, wêrûnder It Fryske Gea, wie er by belutsen. As Roomsk teolooch waard er ek behelle by de bewegingsorganisaasje it Roomsk Frysk Boun (1917-1997). Fuortdaliks by de oprjochting al waard er skriuwer fan dy feriening. Op de earste gearkomste fan it bûn yn augustus 1918 waard it boppesteande fers songen. Yn it oprjochtingsjier wie it Roomsk Frysk Boun dielnimmer yn it ûnderwiiskongres fan it Boun fan Frysk-nasjonale Selskippen. Op dat kongres waard in kommisje gearstald foar it ynstellen fan in learstoel Frysk oan de Grinzer universiteit. Brandsma kaam yn dy kommisje, en mei tanksij syn krewearjen by de Ryksoerheid slagge it om yn 1920 it professoraat yn te stellen. Troch striderij yn de Fryske Beweging om de beneaming fan de heechlearaar hinne, rûn de learstoel op ’e non. Brandsma wie ien fan de kandidaten om it heechlearaarskip op him te nimmen, mar syn hegere yn de Roomske Tsjerke lei dêr it near op. Net earder as yn 1941 kaam de post der wol mei de beneaming fan Jelle Hindriks Brouwer (1900-1981), dy’t letter direkteur fan de Fryske Akademy waard.

 

Krewearjen foar it Frysk
Yn 1928 waard de Provinsjale Underwysrie fen Fryslân oprjochte. It doel fan de Rie wie ûnder mear it befoarderjen fan it Fryske folks- en taaleigen, it advisearjen fan de provinsjale oerheid en it kommen mei eigen inisjativen. Ien fan de Rie syn inisjativen wie it organisearjen fan simmer- en winterleargongen Frysk yn it gebou fan de Provinsjale Biblioteek. Brandsma, dy’t ûnderwilens yn 1923 heechlearaar wurden wie yn Nimwegen, kaam mei fjouwer oaren yn it Riedsbestjoer, en hy bleau deryn oant syn arrestaasje op 19 jannewaris 1942. De Provinsjale Underwiisrie, dy’t bestien hat oant 1990, krewearre ek foar it Frysk ûnderwiis op de legere skoalle. Brandsma hie goede yngongen by it ministearje fan ûnderwiis en it slagge om ûnderwiisminister, protestantsk teolooch Jan Rudolf Slotemaker de Bruïne (1869-1941), derfan te oertsjûgjen dat der rûmte foar it Frysk yn it ûnderwiis komme moast. Ien fan Brandsma syn arguminten om de minister fan de needsaak te oertsjûgen, wie dat oars mooglik de Fryske NSB soargje soe foar rûmte foar it Frysk yn de legere skoalle. Syn bekendheid yn en mei de Nederlânske universiteiten wie der mei mandélich oan dat it de Provinsjale Underwiisrie slagge om ta bysûndere learstuollen Frysk te kommen. De beneaming fan Godard Gosses (1877-1955) oan de Universiteit fan Amsterdam (1934) en de Universiteit fan Utert (1935) is dêr in foarbyld fan.

Ynstitút foar Fryske wittenskippen
Yn de earste wrâldkriich wienen der yn de Fryske Beweging al plannen om ta in ynstitút foar Fryske wittenskippen te kommen, mar troch mieningsferskillen kaam dat doe net fierder. Yn 1931 setten Brandsma en protestantsk teolooch Geert Aeilco Wumkes (1869-1954) mei de oare leden fan de Provinsjale Underwiisrie it oprjochtsjen fan dat ynstitút op ’e nij op de wurklist. Yn 1938 slagge it út dy Rie wei om ta de oprjochting fan de Fryske Akademy oer te gean. De bestjoersleden krigen neitiid in skrobbearring fan de Fryske Deputearre Steaten omdat se temûk in part fan de provinsjale subsydzje foar de Underwiisrie brûkten foar de oprjochting fan de Fryske Akademy. Oer de namme fan it ynstitút waard earst noch wol redendield. Ornearre waard dat it wurd ‘akademy’ yn de ynstitútsnamme te ambisjeus wie, mar Titus Brandsma hold hoek. Neffens him mochten de Friezen bêst ambisjeus wêze en de namme fan de Fryske Akademy lei dêrmei fêst. Brandsma kaam yn 1941 yn it Akademybestjoer en op de jiergearkomste fan 1 septimber 1941 liet er mei de rede ‘Aerd fen de fryske kleasters yn de midsieuwen’ sjen dat er him ek ynhâldlik by de Akademy belutsen fielde.

Lang hat Titus Brandsma him net foar de Fryske Akademy ynsette kinnen. De promininte Nederlânske teolooch kaam foar de oarloch al yn ferset tsjin it nasjonaalsosjalisme. Neidat er troch de besetter yn it begjin fan 1942 yn Nederlân fêstset wie, waard er letter op transport set nei in Dútsk konsintraasjekamp. Fuortdaliks al waard him tynge dien dat er foar de doer fan de oarloch net wer frijman wurde soe. Sa lang hat Titus Brandsma de tamtaasjes yn Dachau net úthâlde kinnen. Op 26 july 1942 kaam er yn it Krankenrevier oan syn ein.

Op 3 novimber 1985 is Titus Brandsma, soan fan Fryslân en mei-oprjochter fan de Fryske Akademy, troch de Paus sillich ferklearre. Op 15 maaie 2022 is er hillich ferklearre.

 

  • Yn de útstjoering oer de hillichferklearring fan Brandsma op sneintemoarn 15 maaie, kamen Pieter Duijff en Nelleke IJssennager-van der Pluijm oan it wurd oer (ûnder mear) de Fryske Akademy as 'kenniskleaster'.