Skip to main content

Wurkgelegenheid grutter yn NOF

F.l.n.r. Jelle Boerema, Johannes Kramer en Marijn Molema mei de Fitaliteitssken, 19 juny 2018.

Hjoed waard op ’e Fryske Akademy de Ekonomyske Fitaliteitssken Noardeast-Fryslân 2018 presintearre. De earste eksimplaren binne oerlange oan deputearre Johannes Kramer en oan wethâlder fan Kollumerlân Jelle Boerema, dy’t tagelyk foarsitter is fan de stjoergroep regiomarketing.

Ut de Fitaliteitssken, dy’t de Fryske Akademy mei stipe fan ’e provinsje Fryslân útfiert, docht bliken, dat it stadichoan better giet mei de wurkgelegenheid yn dy regio. It tal wurksykjenden yn Noardeast-Fryslân is yn 2017 sakke mei 33 prosint.

Yn itselde jier sakke it tal ynwenners licht met 302 persoanen nei mei-inoar 124.004 op 1 jannewaris 2018. Al binne guon wenkearnen dan ek frijwat wurkgelegenheid kwytrekke en bliuwt de regio ekonomysk kwetsber, dochs rikkemandearret it rapport oan om nuansearre oer krimp te tinken en romte foar it útlizzen fan ’e swetten te bieden yn sintrumplakken lykas Bûtenpost, Burgum, Dokkum, Kollum en Surhústerfean.

Sterke sektoaren: bou, metaal en agrofood
Dit is it tredde jier dat der in Fitaliteitssken Noardeast-Fryslân publisearre is. Eardere ferzjes ferskynden yn 2016 en 2017. Yn ’e edysje 2018 binne de gefolgen foar Noardeast-Fryslân fan ’e ekonomyske konsintraasjepolityk yn ’e A7-sône ûndersocht. Takomstige omjouwingsfyzjes moatte mear omtinken jaan oan ’e sterke sektoaren fan ’e regio, neffens it rapport. Dat binne yn Noardeast-Fryslân benammen bou, metaal en agrofood. Der moat ek ferkend wurde hoe’t de regio oanslute kin by it ekonomyske belied foar ûnder oare Ljouwert en Drachten.

Streekmerken
Dêrneist is ferdjipjend ûndersyk dien nei de toeristysk-rekreative sektor. De gemeenten yn Noardeast-Fryslân wurkje nammentlik oan in nije fyzje Rekreaasje & Toerisme. Yn 2017 wurken yn dy sektor 2.062 minsken oftewol 5,2 prosint fan ’e totale wurkgelegenheid yn Noardeast-Fryslân. Wat it tal oernachtings oanbelanget, prestearret de regio fiks ûnder de Waadeilannen en Súdwest-Fryslân, mar better as Súdeast- en Noardwest-Fryslân. De toeristysk-rekreative sektor biedt kânsen foar cross-overs: ferbinings mei oare beliedsopjeften, sa as duorsum buorkjen en it fersterkjen fan it kultuerhistoarysk erfgoed.

Beliedsmakkers en ûndernimmers wolle de sektor sterker meitsje troch dúdlike ‘streekmerken’ op ’e kaart te setten. Behalve de stêd Dokkum wurde op sa’n wize fjouwer lânskippen ûnderskaat: Nasjonaal Park de Âlde Feanen, Nasjonaal Park Lauwersmar, it nasjonale lânskip de Noardlike Fryske Wâlden en de Waadkust. It rapport wiist mei klam op it belang fan it ferstevigjen fan provinsjaal belied foar nasjonale parken en nasjonale lânskippen.