Skip to main content

Altyd al witte wollen wêr’t jo Ljouwerter foarâlden wenne hawwe? Of wa’t de eigener fan jo hûs wie yn 1770? Ynkoarten is dat mooglik mei de Leeuwarden Time Machine fan de Fryske Akademy. Dizze ynnovative útwreiding fan HisGIS wurdt op snein 3 maart oansteande presintearre yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL).

De Leeuwarden Time Machine makket ynformaasje oer Ljouwerter huzen en harren bewenners en eigeners út it tiidrek 1750-1900 online beskikber op digitalisearre histoaryske kaarten. Wethâlder Sjoerd Feitsma sil de offisjele lansearring dwaan. Dêrnei is de website foar elkenien te rieplachtsjen.

 

In histoaryske Google Streetview

Ljouwert is, nei Dokkum, de twadde stêd dy’t de Fryske Akademy opleveret yn Redbot, it digitalisearringsprogramma foar kultureel erfgoed fan de provinsje Fryslân. Foar de Time Machine binne gegevens út âlde belestingregisters, folkstellingen, befolkingsadministraasjes en it kadaster sammele en oan inoar ferbûn. Troch in hûs of perseel oan te klikken op de kaart ferskine alle gegevens tagelyk yn byld. Projektlieder Hans Mol: “Lange en omslachtige syktochten hearre aanst ta it ferline. It finen fan ynformaasje oer minsken, mar ek oer har berop, leauwe en berteplak sil folle makliker wurde.”

Leeuwarden Time Machine is ta stân kommen yn oparbeidzjen mei it HSL en lokale frijwilligers. De Fryske Akademy hat û.o. mear histoaryske data fan de belutsen partijen yntegrearre mei eigen nije data en kaarten. Sa sil njonken de besteande âldste kadastrale perselen fan 1832 ek it op ’e nij besjoene kadaster fan 1887 beskikber komme. Der is ek in kolleksje ansichtkaarten fan it HSL op ’e kaart set: sa is de Leeuwarden Time Machine om sa te sizzen in histoaryske Google Streetview.

 

Foarriedich programma snein 3 maart 2019

De presintaasje fan Leeuwarden Time Machine is foar elkenien frij tagonklik en is op snein 3 maart oansteande fan 14.00 oant 15.00 oere yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

    14.00 oere
      Iepening en ynlieding troch Hans Mol (Fryske Akademy)
      Henk Oly (HSL) en Leo van der Laan (Gemeente Ljouwert): ‘Sykje nei de skiednis fan Ljouwerter huzen en har bewenners’
      Offisjele lansearring en taspraak troch wethâlder Sjoerd Feitsma
      Mark Raat en Bram Boonstra (Fryske Akademy): taljochting op it ta stân kommen fan de website en presintaasje
    15.00 oere
      Hapke/drankje nei ôfrin