Skip to main content

De Akademylêzingen belibje it kommende winterskoft har 62ste rige lêzingen. De Akademylêzingen binne foar elk tagonklik.

 

Organisaasje 

Wurkgroep Akademylêzingen

 

Opset en lokaasjes

De Akademylêzingen fine trije kear yn it winterskoft tagelyk plak yn Ljouwert en op 'e Jouwer.

Lêzing 1, moarns 10.00-12.00 oere (45 min lêzing, kofjeskoft, 45 min fragen/diskusje)
Lêzing 2, middeis 13.30-15.30 oere (45 min lêzing, teeskoft, 45 min fragen/diskusje)

 

Groep I, Ljouwert
Grand Café Restaurant De Koperen Tuin, Prinsetún 1, 8911 DE Ljouwert, tel. (058) 213 11 00

Groep II, De Jouwer
Party- en Sealesintrum It Haske, Vegelinswei 20, 8501 BA De Jouwer, tel. (0513) 41 52 81

 

 

Programma

It winterskoft 2019-2020 biedt lêzingen fan mr.dr. Wiene van Hattum, Jan de Vries, Jonathan Bos, Bearn Bilker, prof.dr.ir. Pier Vellinga en prof.dr. Eline van der Beek.

Jo kinne it folsleine programma hjir iepenje: klik hjir (pdf).

  

Kosten en opjefte

De kosten foar de hiele rige bedrage € 30,--.

 

Opjefte by foarkar fia ynternet

Opjaan en beteljen fia ynternet hat ús foarkar. Dat kin hjir.

Opjaan kin oant 18 oktober 2019. As it beteljen slagge is krije jo in befêstigingsmail. Fia e-mail krije jo nei 1 novimber 2019 de tagongskaart en it programma tastjoerd.

 

Telefoanyske opjefte 

Kinne jo net betelje fia ynternetbankieren dan kinne jo jo oant 18 oktober 2019 telefoanysk opjaan: 058 2131414. De tagongskaart en it programma wurde tastjoerd as de betelling definityf is (nei 1 novimber 2019). Dat bedrach graach gelyk oermeitsje op rekkennûmer NL30 RABO 0130 5496 81 op namme fan de Fryske Akademy te Ljouwert, mei fermelding fan namme, adres, wenplak, akademylêzings en lokaasje.

 

 

 

Sosjolooch Evelien Tonkens joech in lêzing yn ús jubileumprogramma op 13 maart 2018 (foto: Studio Aksento).

2017-2018: Jubileum 60 jier Akademylêzingen

Yn 2018 waarden de Akademylêzingen foar de 60ste kear organisearre. Dêrta wie der in jubileumedysje op tiisdei 13 maart 2018 yn De Harmonie yn Ljouwert, mei in lêzing fan sosjologe Evelien Tonkens en muzyk fan Tet Rozendal.