Skip to main content

50ste Dossier oer it Reto-Romaansk

“The Romansh language in education in Switzerland” is it fyftichste Regionale Dossier dat Mercator, it kennissintrum foar meartaligens fan de Fryske Akademy, útbringt.

De auteur fan it 50ste dossier is Manfred Gross, haad fan it Institute of Multilingualism fan de University of Teacher Education yn it Switserske kanton Graubünden. Gross is in saakkundige op it mêd fan de Reto-Romaanske taal. Matthias Grünert fan de Universiteit fan Fribourg hat ek weardefolle bydragen oan it dossier levere.

It publisearjen fan Regionale Dossiers is ien fan de belangrykste aktiviteiten fan Mercator: elk dossier bringt it ûnderwiis fan in minderheidstaal yn in spesifike regio yn Europa en dêrbûten yn kaart. Alle dossiers hawwe in fêste struktuer, dêrtroch binne de kwantiteit en kwaliteit fan ûnderwiis yn de ferskillende talen goed mei-inoar te fergelykjen. De ynhâld fan de dossiers is weardefol foar beliedsmakkers, ûndersikers, dosinten, studinten en sjoernalisten, mar ek nuttich foar leken dy’t niget hawwe oan it ûnderwiis fan minderheidstalen. Dit jier binne de dossiers oant no ta al mear as 18 tûzen kear download.

Mercator wol graach hieltyd wer nije talen beskriuwe en besteande dossiers aktualisearje. De earstfolgjende dossiers behannelje û.o. it Hongaarsk yn ’e Oekraïne, it Mongoalsk yn Sina, it Deensk yn Dútslân. Fierders komme der aktualisearre dossiers oer it Gaelic yn it Feriene Keninkryk, de Finske talen yn Sweden en it Oksitaansk yn Frankryk.

Om ús fyftichste dossier te fieren, hawwe wy in nij middel ûntwikkele om de Mercator-dossiers te selektearjen op de website: fia in ynbêde kaart.

 

Download: