Skip to main content

Brand leit bestjoerlike taken del

Folgjend op de resinte ûntjouwingen binnen de Fryske Akademy hat de Ried fan Tafersjoch yn oerlis mei direkteur-bestjoerder Hanno Brand besletten dat lêstneamde syn bestjoerlike taken mei yngong fan moandei 15 jannewaris 2018 delleit en dat de koartlyn oanstelde prosesbegelieder dy taken fan dyselde datum ôf as ynterim-bestjoerder waarnimt.

Ein ferline jier hat de Ried fan Tafersjoch prosesbegelieder Willem Smink oanlutsen om de ynterne diskusje oer in nij profyl fan de Fryske Akademy stal te jaan. It ûndersyksynstitút stiet yn 2018 foar in tuskentiidske beoardieling fan de wittenskiplike kwaliteit, de saneamde mid-termreview. Tagelyk wurdt by alle wittenskiplike ynstituten yn Nederlân, dêr't in soad fan krekt as de Fryske Akademy gearbrocht binne ûnder de paraplu fan de KNAW, in diskusje fierd oer de wittenskiplike takomst. De Fryske Akademy hat dêr ek mei te krijen en sil in kar dwaan moatte om wittenskiplik relevant en finansjeel sûn te bliuwen.

Kommende tiid sil Willem Smink as ynterim-bestjoerder optrede. Hy sil yn 'e mande mei it managementteam, projektlieders en meiwurkers fan de Fryske Akademy wurkje oan in stevige takomstfyzje, dy't der yn de earste helte fan 2018 lizze moat. Underwilens wurdt socht nei in opfolger yn it plak fan de eardere direkteur-bestjoerder.