Skip to main content

Diktee fanwegen min waar ferset

Fanwegen de minne waarfoarsizzing foar oankommende tongersdei 21 juny, hat de organisaasje fan it Grut Frysk Diktee besletten it diktee te fersetten. De nije datum foar it diktee is woansdei 27 juny. Lykas earder sil it diktee útein sette om 19.00 oere op it Aldehoustertsjerkhôf.

De 680 dielnimmers dy't meidogge oan it Grut Frysk Diktee sille yn de iepen loft op it Aldehoustertsjerkhôf meiskriuwe oan it diktee. Om't de waarberjochten foar tongersdei oanhâldende rein, hurde wyn en kjeld foarspelle, fielt de organisaasje har needsake om it diktee te ferpleatsen nei woansdei 27 juny. De reservedatum, dy't no dus brûkt wurdt, is yn it foar kommunisearre mei alle dielnimmers. Ek ûntfange alle dielnimmers in mail fan de organisaasje wêryn't sy op 'e hichte steld wurde fan de nije datum.

Live te folgjen
It Grut Frysk Diktee is woansdei 27 juny fan 19.00 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online. En net allinnich op it plein kinne minsken meidwaan, ek de minsken thús kinne dat. Fia www.fryskdiktee.frl kin elkenien thús it diktee meiskriuwe. It wurdt dan ek automatysk neisjoen. De tekst is dit jier skreaun troch de presintatrise fan it NOS Jeugdjournaal, Welmoed Sijtsma.