Skip to main content

Fikse reorganisaasje oankundige

Foto: Hindrik Sijens

De Fryske Akademy moat sykje om in nije organisaasjestruktuer dy’t dissiplinêr ferkokerjen tefoaren komt en mei-inoar oparbeidzjen stimulearret. Dat makket ynterim-bestjoerder Willem Smink bekend op Akademydei, de jiergearkomste foar leden en stipers fan de Fryske Akademy. It ûndersyksynstitút fiert hjoed syn 80ste jierdei yn it Oranje Hotel.

“Wy wurkje oan in organisaasjemodel dat liedt ta mear fleksibele ynset fan personiel, minder overhead en in gruttere effektiviteit op it mêd fan it eksterne subsydzjewinnen”, seit Smink, dy’t yn jannewaris de eardere direkteur-bestjoerder Hanno Brand opfolge hat.

Sa is de omfang fan 'e stypjende stêf in punt fan diskusje, krektlyk as de posysje fan it managementteam. “Der wurdt in fikse reorganisaasje taret om de bek nei de byt te setten”, sa seit Smink.

“Oer in pear jier sil soks útrinne moatte op in organisaasje mei in lytse fêste stêf dy’t, yn ’e mande mei oare wittenskiplike ynstellings yn ’e omkriten, eksellint ûndersyk op in stikmannich wurkfjilden docht en produkten leveret mei in hege maatskiplike impact. Dêrmei kin de Fryske Akademy wer foarút. Faaks nóch wol 80 jier.”