Skip to main content

Grutte konferinsje minderheidstalen

Hast fjirtich prosint fan alle tallen op ‘e wrâld driigje út te stjerren as gefolch fan globalisearring. Hoe moatte lytse en minderheidstalen, sa as it Frysk, Biltsk of Nedersaksysk, hjirmei omgean?

Fan 21 oant en mei 24 maaie 2019 komme út alle dielen fan de wrâld wittenskippers en beliedsmakkers nei it Westcord WTC Hotel yn Ljouwert foar de 17th International Conference on Minority Languages (ICML XVII), of de 17e ynternasjonale Minderheidstalenkonferinsje. Dêr sille sy prate oer de útdagings en kânsen fan lytse en minderheidstalen yn in maatskippij dêr’t globalisearring, migraasje en digitalisearring ûnkearber wurden binne. De twajierlikse konferinsje wurdt eltse edysje yn in oar lân organisearre. De ynternasjonale gasten út mear as 20 lannen, wurde mei in resepsje op 21 maaie wolkom hjitten troch de Kommissaris fan de Kening yn de provinsje Fryslân, de hear Arno Brok.

It tema fan it kongres, “Minority Languages in a Globalized Society”, is keazen om’t globalisearring ús wrâld op talleaze wizen beynfloedet. It hat de wize fan saken dwaan en kommunisearjen feroare en it hat ek effekt op it ûnderwiis en taallearen. Dat giet noch mear op foar mindersheidstalen, dy’t foar noch gruttere útdagings steane ûnder ynfloed fan globalisearring. Dominante talen beynfloedzje de minderheidstalen wat it brûken derfan oangiet, bygelyks yn it ûnderwiis. Mar it hat ek effekt op it oantal sprekkers, taalbelied en de ûntjouwing fan technologyen op it mêd fan taal.

It kongres bestiet út plenêre en parallelle sesjes dêr’t tema’s oan de oarder komme sa as revitalisaasje fan talen, taalidentiteit, meartalige edukaasje, taaldokumintaasje en nije technologyen. Keynote speakers binne Dr. Bernat Joan i Marí (Universitat de les Illes Balears, Spanje), Dr. Delyth Prys (Bangor University, Wales), Dr. Mandana Seyfeddinipur (SOAS/University of London, UK) en prof. dr. Piet van Avermaet (Universiteit van Gent, België). Mei dêrnjonken 10 colloquia, 91 paperpresintaasjes en 17 posterpresintaasjes biedt it kongres in nijsgjirrich en ferskaat programma op it mêd fan minderheidstalen, en bringt wittenskippers en studinten fanút it multidissiplinêre fjild gear.

  • It folsleine programma en alle presintatoren binne te finen op https://icml.eu/