Skip to main content

Leeuwarden Time Machine lansearre

Hans Mol en wethâlder Sjoerd Feitsma by de lansearring fan de Leeuwarden Time Machine, 3 maart 2019. Foto: Theo Delfstra

Presintaasje troch Bram Boonstra (links) en Mark Raat

Altyd al witte wollen wêr’t jo Ljouwerter foarâlden wenne hawwe? Of wa’t de eigener fan jo hûs wie yn 1770? Dat is mooglik mei de Leeuwarden Time Machine fan de Fryske Akademy. De Leeuwarden Time Machine makket ynformaasje oer Ljouwerter huzen en harren bewenners en eigeners út it tiidrek 1750-1900 online beskikber op digitalisearre histoaryske kaarten.

Dizze ynnovative útwreiding fan it histoaryske kaarteportaal HisGIS waard juster presintearre yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) en offisjeel lansearre troch wethâlder Sjoerd Feitsma. Dêrneist hawwe ek HisGIS-projektlieder Hans Mol (Fryske Akademy), Henk Oly (HSL), Leo van der Laan (gemeente Ljouwert) en Mark Raat en Bram Boonstra (Fryske Akademy) koarte presintaasjes jûn. 

In histoaryske Google Streetview

Ljouwert is, nei Dokkum, de twadde stêd dy’t de Fryske Akademy opleveret yn Redbot, it digitalisearringsprogramma foar kultureel erfgoed fan de provinsje Fryslân. Foar de Time Machine binne gegevens út âlde belestingregisters, folkstellingen, befolkingsadministraasjes en it kadaster sammele en oan inoar ferbûn. Troch in hûs of perseel oan te klikken op de kaart ferskine alle gegevens tagelyk yn byld. Projektlieder Hans Mol: “Lange en omslachtige syktochten hearre aanst ta it ferline. It finen fan ynformaasje oer minsken, mar ek oer har berop, leauwe en berteplak sil folle makliker wurde.”

Leeuwarden Time Machine is ta stân kommen yn oparbeidzjen mei it HSL en lokale frijwilligers. De Fryske Akademy hat û.o. mear histoaryske data fan de belutsen partijen yntegrearre mei eigen nije data en kaarten. Sa sil njonken de besteande âldste kadastrale perselen fan 1832 ek it op ’e nij besjoene kadaster fan 1887 beskikber komme. Der is ek in kolleksje ansichtkaarten fan it HSL op ’e kaart set: sa is de Leeuwarden Time Machine om sa te sizzen in histoaryske Google Streetview.

Gean nei: