Skip to main content

Publyksboek Boalserter Suvelskoalle

Hjoed ferskynt it boek Weten is Kunnen, Kennis is Macht. Een geschiedenis van de Bolswarder Zuivelschool (1880-1995). Auteurs binne de histoarisy Ronald Plantinga en Marijn Molema. It boek wurdt presintearre op in sympoasium fan alumny fan ’e Suvelskoalle.

De Boalserter Suvelskoalle heart ta de woartels fan ’e Fryske kennisekonomy. Yn in tiidrek fan goed hûndert jier waarden in pear tûzen suvelsaakkundigen, en letter libbensmiddeltechnologen, oplaat yn ’e Fryske Hânzestêd. De oplieding stie heech oanskreaun en hie in sterke reputaasje, oant fier oer de provinsjegrinzen hinne. De ôfstudearre studinten krigen rûnom yn Nederlân liedingjaande posysjes yn ’e suvel- en libbensmiddelsyndustry.

De Boalserters wiene grutsk op ‘harren’ Suvelskoalle. De skoalle joech Boalsert boppedat de dynamyk fan in studintestêd. De studinten hâlden harren jierlikse ûntgriening, organisearren ludike aksjes, en it kaam geregeld foar, dat in studint troude mei ien út Boalsert. Dêrom wie it gjin niget, dat de Boalserters wakker yn it ferhef kamen tsjin ’e plannen om ’e skoalle nei Ljouwert oer te pleatsen.

Yn it boek wurdt oan ’e hân fan argyfûndersyk, fraachpetearen en byldmateriaal de skiednis fan ’e skoalle ferteld. It ûndersyk waard mooglik makke troch finansjele stipe fan it Frysk Akademyfûns, Hegeskoalle Van Hall Larenstein en stifting Kultuer FB Oranjewâld. De boekpublikaasje is mooglik makke troch gemeente Súdwest-Fryslân, Hendrick Nannes- en Catrijn Epes Stichting, Sint Anthony Gasthûs Boalsert en ’e stifting Sosiëteit foar Studinten fan technologyske Opliedingen te Boalsert.

It boek is te bestellen fia www.zuivelschool.nl.

Ronald Plantinga is sosjaal-ekonomysk histoarikus en as promovendus ferbûn oan ’e Fryske Akademy te Ljouwert en ’e Ryksuniversiteit Grins.

Marijn Molema is histoarikus fan ’e njoggentjinde en tweintichste iuw en wurket as projektlieder by de Fryske Akademy.