Skip to main content

Pinget, dr. A.C.H. (Anne-France)

postdoktoraal ûndersiker

Biografy

Anne-France Pinget (België, 1987) is Universitêr Dosint (UD) oan de ôfdieling Taal, Literatuer en Kommunikaasje (TLC) oan de Universiteit Utrecht. Har ûndersyk is ynbêde yn it Utrecht Institute of Linguistics, har saakkundigens leit yn trije gebieten: sosjolinguistyk (lûdferoaring, imitaasje, taalhâlding), sosjofonetyk en it oanwinnen fan in twadde taal (opdwaan fan fariaasje, taalbelied, sprekfeardichheid, aksint, hâldingen).

Sy promovearre yn 2015 op har proefskrift "The Actuation of Sound Change.” Dêr bestudearret sy it proses fan klankferoaring. It projekt waard finansiere mei in NWO-doktoraatsbeurs (Promoasjes yn Geasteswittenskippen).

Yn 2015 begûn sy te wurkjen as Universitêr Dosint oan de Universiteit fan Utrecht, dêr’t sy de stúdzje fan taalfariaasje en taalferoaring fuortsette en ferskate kursussen jout, benammen op it mêd fan sosjolinguistyk. Fierders starte sy yn 2021 as postdoktoraal ûndersiker taalkunde oan de Fryske Akademy. As lid fan it projekt Laboratoariumsosjolinguistyk en de taalsituaasje yn Fryslân is sy belutsen by de ûntwikkeling fan laboratorium- en eksperiminteel sosjolinguistysk ûndersyk.

 

Publikaasjes (seleksje)

Pinget, A. C. H., Kager, R. W. J., & van de Velde, H. (2020). Linking Variation in Perception and Production in Sound Change: Evidence from Dutch Obstruent Devoicing. Language and Speech, 63(3), 660-685. https://doi.org/10.1177/0023830919880206

Pinget, A. C. H., Rotteveel, M., & van de Velde, H. (2014). Standaardnederlands met een accent: Herkenning en evaluatie van regionaal gekleurd Standaardnederlands in Nederland. Nederlandse taalkunde, 19(1), 3-45. https://doi.org/10.5117/NEDTAA2014.1.PING

Pinget, A. C. H., Bosker, H. R., Quené, H., & de Jong, N. H. (2014). Native Speakers’ Perceptions of Fluency and Accent in L2 Speech. Language Testing, 31(3), 349-365. https://doi.org/10.1177/0265532214526177