Skip to main content

Nijdam, dr. J.A. (Han)

projektlieder Aldfrysk

Spesjalismen

Aldfrysk; Aldgermaansk; histoaryske antropology; kognitive linguistyk; midsiuwske skiednis; rjochtsskiednis

 

Biografy

Han Nijdam (Amsterdam, 1969) studearre Midsieuske Skiednis, Antropology en Aldgermaansk oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 2008 is er oan de Universiteiten Leiden cum laude promovearre op it proefskrift Lichaam, eer en recht in middeleeuws Friesland. Een studie naar de Oudfriese boeteregisters. Sûnt 2003 is er oan de Fryske Akademy oansteld as ûndersiker en koördinator Aldfrysk. Yn it ramt dêrfan hat er mei-ferantwurdlik west foar de Taaldatabank  fan it Frysk.

Han Nijdam syn wittenskiplike ynteresse giet benammen út nei Aldfrysk rjocht, rjochts- en histoaryske antropology, kognysjewittenskippen en harren ymplikaasjes foar de geasteswittenskippen. Neist in mear ambachtlike beoefening fan it mêd fan de Aldfrisistyk, liedt dit ta in komparative bestudearring fan it Aldfryske rjocht mei in klam op gruttere tema’s lykas belichaamde ear, wraak, fete, de betsjutting fan jild en de wearde fan in minskelibben.

 

Publikaasjes (seleksje)

Nijdam, J.A. (2008). Lichaam, eer en recht in middeleeuws Friesland : een studie naar de Oudfriese boeteregisters (Doctoral dissertation: Leiden University).