Spesjalismen
Aldfrysk, Germaanske filology, Aldnederlânsk, ferlykjende Yndo-Europeeske taalwittenskip, nammekunde, delsettingsskiednis, plattelânsskiednis.
Projekten
Taalhistoarysk ûndersyk nei de delsettingsskiednis fan de Lege Lannen en de eardere Frysk-Nederlânske twatalichheid fan it Nederlânske kustgebiet.
Biografy
Alex Kerkhof (Cali (Kolombia), 1988) ) is histoarysk-taalkundige en histoarikus. Kerkhof studearre Midsiuwske Skiednis en Ferlykjende Yndo-Europeeske Taalwittenskip yn Leien en promovearre dêr yn 2018 op de taal- en kultuerskiednis fan de Merovingyske Franken. Hy docht taalhistoarysk ûndersyk nei de delsettingsskiednis fan de Lege Lannen. As spesjalist fan it taalferline fan it Nederlânsk en fan it Frysk, is er boppedat geregeld behelle by wittenskipspopularisearing en erfgoedprojekten.