Skip to main content

Telefoan
058-234 30 37

Mail
wvisser@fryske-akademy.nl

Undersyksoutput
pure.knaw.nl

Rijksuniversiteit Groningen
www.rug.nl/staff/w.visser/

Visser, dr. W. (Willem)

leksikograaf en taalkundich ûndersiker

Telefoan
058-234 30 37

Mail
wvisser@fryske-akademy.nl

Undersyksoutput
pure.knaw.nl

Rijksuniversiteit Groningen
www.rug.nl/staff/w.visser/

Spesjalismen

leksikografy; fonology; grammatika

 

Projekten

Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek
Taalportaal (projektkoördinator en meiwurker)

 

Biografy

Willem Visser (Easterbierrum, 1959) hat oan de Noardlike Leargongen de oplieding Frysk MU-A en Frysk MU-B dien. Dêrnei hat er oan de Vrije Universiteit Amsterdam Algemiene Taalwittenskip studearre (1988) en dêr is er yn 1997 ek promovearre.

Tusken 1978 en 1984 wie er yn tsjinst by de Fryske Akademy foar wurdboekwurk. Fan 1985 ôf hat er in lytse seis jier by de stúdzjerjochting Frysk oan de Vrije Universiteit wurke. Yn 1990 is er wer by de Fryske Akademy yn tsjinst kommen. Yn 2008 is er foar de helte oerstapt nei de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer (ûnderwilens oergien yn 'e oplieding Minorities & Multilingualism) oan de Ryksuniversiteit Grins.

Visser syn publikaasjes besteane út wurdboeken en losse artikels, meast op it mêd fan de fonology fan it Frysk. De lêste jierren publisearret er ek oer de fonologyske kant fan (persoans)nammen. Fierders wie er mei-oprjochter en redakteur fan it Tydskrift foar Fryske Taalkunde (1985-’95) en redakteur fan It Beaken (oant 2017). Op dit stuit is er redakteur fan Us Wurk.

 

Publikaasjes (seleksje)

Visser, W. (2016). Y-nammen tusken flaai- en ferlytsingsnammen. Us Wurk, 65, 91-145.

Visser, W. (2014). Hoe stom is de stomme /r/? In Boersma, P.Y.J., Brand, H., & Spoelstra, J. (Eds.), Philologia Frisica anno 2012. Lêzings fan it njoggentjinde Frysk Filologekongres fan de Fryske Akademy op 13, 14 en 15 juny 2012. (pp. 243-268). Ljouwert: Fryske Akademy/Afûk.

Visser, W. (2013). Acronyms in Modern West Frisian. In Hoekstra, J.F. (Ed.), Twenty-Nine Smiles for Alastair; Freundesgabe für Dr. Alastair G.H. Walker zu seinem Abschied von der Nordfriesischen Wörterbuchstelle der Christian-Albrechts-Universität zu Kiel am 4. Juli 2013 (= Estrikken/Ålstråke; 94). (pp. 317-334). Kiel/Groningen: Nordfriesische Wörterbuchstelle der Christian-Albrechts-Universität zu Kiel/SFFYRUG.

Visser, W. (2011). Historical gender change in West Frisian. Morphology, 21, 31-56.

Visser, W. (2010). Flaainammen yn it Frysk. Us Wurk, 59, 1-78.

Visser, W. (2003). Patroanen yn ferlytsingsnammen. In Boersma, P.Y.J., Hemminga, P., Jansma, L.G., & Jensma, G.T. (Eds.), Philologia Frisica anno 2002. Lêzingen fan it sechtjinde Frysk Filologekongres (11, 12 en 13 desimber 2002). (pp. 263-305). Ljouwert: Fryske Akademy.

Visser, W. (2002). Brekking as ferkoarting: in diagroane analyze. It Beaken, 64, 187-246.

Visser, W & Dyk, S. (Ed.) (2002). Eilander Wezzenbúek/Woordenboek van het Schiermonnikoogs. Ljouwert: Fryske Akademy.

Visser, W. (2000). Frjemd wurdt eigener. Oer de âlde Frânske lienwurden yn it Frysk. It Beaken, 62, 141-218.

Visser, W. (1997). The Syllable in Frisian (Doctoral dissertation: Vrije Universiteit Amsterdam). Leiden: Holland Institute of Generative Linguistics.

Hoekstra, J.F. & Visser, W. (1996). De- en it-wurden yn it Frysk. Us Wurk, 45, 55-78.

Hoekstra, J.F., Veen, K.F. van der, Veenstra, D.H., & Visser W. (1994). De ierappel op 'e souwe. De dialektgeografyske en fonologyske ûntjouwing fan it wurd 'ierappel' yn it Frysk. It Beaken, 56, 281-298.

Visser, W. (1994). Schwa-appendixen in het Fries. In G.E. Booij & J. van Marle (Eds.), Dialectfonologie. Lezingen gehouden op het symposion van de afdeling Dialectologie van het P.J. Meertens-Instituut op vrijdag 27 november 1992 (= Cahiers van het P.J. Meertens-Instituut; 6). (pp. 116-137). Amsterdam: P.J. Meertens-Instituut.

Visser, W. (1990). Breking en de gevolgen. Interdisciplinair Tijdschrift voor Taal- & Tekstwetenschap, 9, 255-272.

Visser, W. (1988). In pear klitisearringsferskynsels yn it Frysk. In S. Dyk & G.J. de Haan (Eds.), Wurdfoarried en Wurdgrammatika. In bondel leksikale stúdzjes. (pp. 175-222). Ljouwert: Fryske Akademy.

Visser, W. (Ed.) (1985). Frysk Wurdboek 2. Nederlânsk-Frysk. Hânwurdboek fan 'e Fryske taal. Leeuwarden/Ljouwert: A.J. Osinga Uitgeverij.

Visser, W. (1985). Ta de nasalearring yn it Frysk (diel I) (diel II). Tydskrift foar Fryske Taalkunde, 1, 33-49, 69-89.

 

Yn 'e media

Dijkstra, F. (2011). Een taal van kwizekwânsje. Leeuwarder Courant [Leeuwarden], 22 January 2011, p. 16.

Meiwurker Fryske Akademy fynt âldste Frysk sonnet. Leeuwarder Courant [Leeuwarden],  6 December 1995.