Skip to main content

Fragelist: taalgebrûk fan Friezen om utens op sosjale media

 

Bêste Fries om utens,

Moai dat jo meidwaan wolle oan it ûndersyk nei taalgebrûk fan Friezen om utens op sosjale media. It ynfoljen fan de fragelist sil sa'n 20 minuten yn beslach nimme. Under de dielnimmers ferlotsje wy in weardebon fan € 25 foar de websjop fan de Afûk en tsien Fryske sûkerbôlen.

Om te begjinnen, klikke jo op ien fan de folgjende links.

 

Friezen om utens earne oars yn Nederlân:

 

Friezen om utens yn it bûtenlân:

 

Eftergrûnynformaasje

Sûnt novimber 2015 doch ik promoasjeûndersyk by de Fryske Akademy en Maastricht University nei it gebrûk fan Frysk op sosjale media. Om't op sosjale media fysike ôfstân gjin rol spilet, soe ik neist it taalgebrûk fan de Friezen dy't yn Fryslân wenje, ek it taalgebrûk fan Friezen om utens ûndersykje wolle.

De resultaten fan it ûndersyk sille anonimisearre yn ferskate presintaasjes en yn myn proefskrift presintearre wurde. De útkomsten wurde net allinnich fergelike mei dy fan ynwenners fan Fryslân, mar ek mei de ûndersiken dy't yn 1992 en om Simmer 2000 hinne ûnder Friezen om utens holden binne. Fansels behannelje ik jo antwurden fertroulik.

Alfêst tige tank foar jo meiwurking!

Mei freonlike groetnis,

Lysbeth Jongbloed-Faber
Promovenda Fryske Akademy / Maastricht University
E-mail: ljongbloed (at) fryske-akademy.nl