Undersyksaginda
De Fryske Akademy is in skeakel tusken dissiplines, tusken de regio en it ynternasjonale netwurk, tusken notiid en ferline en tusken de mienskip en ynternasjonale akademyske ûntjouwings. Wy fertelle grutte ferhalen mei tank oan spesjalistyske kennis. Dat bart út de oertsjûging wei dat taal, kultuer, skiednis, lânskip en identiteit gearhingje en sawol diagroan as syngroan bestudearre wurde kinne. Us ûndersyksaginda is rjochte op it ferlizzen fan grinzen fan kennis út ûndersyksfragen wei.
De Fryske kasus is by útstek ynternasjonaal en perfoarst net beheind ta de hjoeddeistige bestjoerlike ienheid Fryslân. De kasus rekket oan grutte tema’s en ûntjouwings en freget om bestudearring yn relaasje ta oare talen, kultueren en regio’s. It freget ek om fûnemintele kennis fan it Fryske en fan geastes- en sosjaalwittenskiplike dissiplines. Dat is reflektearre yn it team, dat troch de kombinaasje fan fêste en tydlike ûndersikers en yn ’e mande mei ûnderstypjende kollega’s hieltyd wer nije dynamyk fynt.
Undersyksaginda 2023-2028
De programmakoördinator fan de Fryske Akademy hat yn 2021 de earste wichtige stappen nei it opsetten fan in takomstbestindich ûndersyksprogramma makke. Yn dit ûndersyksprogramma wurde trije kearngebieten definiearre, dy't net sjoen wurde moatte as losse entiteiten, mar as ûndersyksgebieten dy't inoar oerlaapje kinne. Dat feit symbolisearret ús stribjen nei in team fan wittenskippers dat sawol binnen de eigen dissipline as ynterdissiplinêr ûndersyk útfiert.
Yn jannewaris 2022 is in twadde programmakoördinator beneamd en tegearre sille beide programmakoördinatoaren derfoar soarchdrage dat begjin 2023 in takomstbestindich ûndersyksprogramma ûntwikkele is foar de kommende 5 jier. Dit ûndersyksprogramma sil wêr mooglik oanslute by de noch te ûntwikkeljen ûndersyksaginda fan it Gearwurkingstrajekt Fryske Taal en Kultuer en by de Nasjonale Wittenskipsaginda.
Sadree't de nije ûndersyksaginda klear is, wurdt dy hjir publisearre (ferwachting: jan/feb 2023).